Fryske top 100: wat is it ferhaal achter Cliffs of Moher fan Gurbe Douwstra?

02 nov 2020 - 15:13

Al jierren stiet it nûmer Cliffs of Moher fan Gurbe Douwstra op nûmer 1 yn de Fryske top 100. Twa jier lyn moast er efkes plak meitsje foar Oele Plop, mar ferline jier wie it wer de populêrste Fryske plaat. De kommende wiken binne yn De middei fan Fryslân de ferhalen achter ferskate Fryske platen te hearren.

Dielnimmers meitsje kâns op in jukebox - Foto: Omrop Fryslân

De Drachtster sjonger kaam yn de jierren '90 foar it earst op de Cliffs of Moher yn Ierlân, mar hy hat der yntusken al sa'n sân, acht kear west. "Foaral de earste kear, yn de winter fan '93, wie hiel ymposant. Wy waarden wiet fan de weagen doe't wy boppe op de klif fan 200 meter stiene." De gedachte dat der fan dy klif oant de Feriene Steaten hielendal neat is as oseaan, is neffens Douwstra ien fan de dingen dy't it tige ymposant makket.

Wier bard ferhaal

It nûmer hat er lykwols net nei dy earste kear skreaun, mar yn 2001, doe't er nei it útbringen fan syn earste cd nei nije nûmers socht. "In ferhaal dat my yn Ierlân ferteld is doe't ik dêr yn '96 wie, kaam my wer yn it sin. De eigeneresse fan in bêd en brochje yn Doolin fertelde my doe it ferhaal fan in jong Dútsk steltsje. Sy hiene in pear moannen earder by har yn de bed and breakfast west, en hiene harren oan de foet fan de klif weage. Troch in weach binne se beide it wetter yn slein. It famke is troch in weach weromslein op in richel, dy hawwe se swier ferwûne weromfûn, mar de jonge hawwe se nea wer fine kinnen."

Dat it nûmer sa oansloech by minsken, hie Douwstra eins net ferwachte. "Ik tink dat it foar in grut part leit oan it feit dat it basearre is op in wier bard ferhaal. Dat makket it folle echter foar minsken." It is by Douwstra noch net opkaam om in ferfolch op it nûmer te skriuwen, mar hy slút it ek net út. "Miskien krij ik noch in brainwave."

Foto: Steven Zwart

Gurbe Douwstra syn Tip 5

"Ik ha dit jier gjin Top 5, mar wol in Tip 5!", fertelt Douwstra. "Dat binne fiif lietsjes dy't ik tsjinkaam bin dêr't ik fan fyn dat dy in plak fertsjinje."

It earste nûmer yn de Tip 5, is 'Beppe sei noait nee' fan Sytse Haima. "It giet oer Sytse syn mem, mar syn soan sjongt ek mei, dy sjongt dus oer beppe." In krekt wat âlderen ien, is it nûmer 'Noch ien tút' fan Gerbrich en it Grutte Guod.

It folgjende nûmer yn de Tip 5, is 'Bildtstars en Eigenheimers' fan Jan de Vries. "Jan hat geweldige nûmers skreaun, mar dit fyn ik echt in nûmer dat goed by him en It Bilt heart," sa seit Douwstra. "Dan ha ik noch Piter Wilkens mei 'Op it hôf'. It is in prachtich nûmer oer hoe't je op âldere leeftiid dochs noch de leafde fine kinne, oer in frou dy't by it begraafplak fan har man immen tsjinkomt dy't eltse wike blommen bringt by it grêf fan syn frou."

'Oan't kanaal' fan Marcel Smit is it lêste nûmer yn de Tip 5 fan Gurbe Douwstra. "Eins makket eltse artyst wol in prachtich lietsje oer it weromgean nei syn jeugd. By Marcel wie dat blykber oan it kanaal."

Gurbe Douwstra oer de Fryske top 100

(Advertinsje)
(Advertinsje)