Fraksjefoarsitter Meine Hofman (SB) fynt fysike begruttingsgearkomste Smellingerlân 'beskamsum'

02 nov 2020 - 14:35

Fraksjefoarsitter Meine Hofman fan Smallingerlands Belang docht tiisdei net mei oan de begruttingsgearkomste yn dy gemeente omdat hy dat te risikofol fynt foar syn eigen sûnens. De 65-jierrige Hofman hat COPD en sûkersykte en heart ta de risikogroepen as it om corona giet.

Fraksjefoarsitter bliuwt fuort

Hofman hat boargemaster Rijpstra dêrom frege om in digitale gearkomste of om de mooglikheid om fan ôfstân mei te fergaderjen. Rijpstra hat nei oerlis mei alle fraksjefoarsitters besletten om de fysike begruttingsgearkomste troch te setten. Meine Hofman neamt dat beslút 'beskamsum' en 'skealik foar de lokale demokrasy'.

Digitaal

Gearkomsten fan politike organen binne in útsûndering op de regel dat byienkomsten mei mear as tritich minsken ferbean binne. Hieltyd mear gemeentes kieze lykwols foar digitale gearkomsten.

Rijpstra hat nei oanlieding fan it fersyk fan Hofman kontakt hân mei alle fraksjefoarsitters. Neffens him jouwe in soad riedsleden noch hieltiid de foarkar oan in fysike gearkomste. Hofman fynt it nuver dat de boargemaster gjin oare kar makket foar in gearkomste dy't plakfynt op de dei dat premier Mark Rutte in parsekonferinsje jout mei nije coronamaatregels. "Ik hie echt ferwachte dat de boargemaster dêr op foarsortearje soe. Mar dat hat er spitigernôch net dien."

Surrogaat

Hofman sil de gearkomste no thús fia de stream folgje. Troch mei whatsapp te oerlizzen mei syn fraksjegenoate Johanna Mast kin er dochs in bytsje meidwaan, mar Hofman neamt dat sels 'surrogaat'.

Hofman is yn Smellingerlân net it iennichste riedslid mei grutte beswieren tsjin fysike gearkomsten. Ek âld-wethâlder Ron van der Leck fan D66 docht by foarkar net mear mei oan fysike gearkomsten. Van der Leck is lykwols noch yn dubio oer wat er dwaan sil. Kiest er foar syn sûnens of foar syn demokratyske plicht? Hofman hat dy kar al lang makke. "As ik koroana krij, dan oerlibje ik dat net en dêrom bliuw ik thús."

Meine Hofman op syn fêste plak yn de riedseal. Tiisdei bliuwt syn stoel leech. - Foto: Omrop Fryslân

Riedslid Meine Hofman oer it beslút om fysyk te fergaderjen

Boargemaster Jan Rijpstra fan de gemeente Smellingerlân begrypt de krityk fan ien fan de riedsleden, dy't net nei de riedsgearkomste giet, om it risiko op it oprinnen fan it coronafirus safolle mooglik te beheinen.

De wet stiet it net ta dat in riedsfergadering foar in part digitaal is, en foar in part fysyk. En de ried wie ferdield: net elkenien woe in digitale byienkomst. Dus is der in kompromis kaam, seit de boargemaster.

De gemeente wol no twa fergaderingen hâlde: ien mei de diskusje, fysyk, en ien mei stimming, digitaal, sadat Hofman dêr wol oan meidwaan kin. De boargemaster fynt it toch spitich dat ien fan de riedsleden derfoar kiest net by de fysike fergadering te wêzen.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Boargemaster Jan Rijpstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)