Gedicht Nyk de Vries ferfilme en yn premjêre by Omrop Fryslân

Doe't Nyk de Vries ferline jier útroppen waard ta Dichter fan Fryslân, hie hy ek net tocht dat syn gedichten ferfilme wurde soenen. Earder waarden al in pear gedichten fan him ferfilme foar Kulturele Haadstêd 2018. De koarte poëzyfilm dy't snein 8 novimber yn premjêre giet by Omrop Fryslân is basearre op syn earste Dichter fan Fryslân-gedicht 'Begjin'. Dit jier sil der noch in poëzyfilm yn premjêre gean, yn 2021 folgje der noch fiif.
© Omrop Fryslân

Skoallen en poëzy

Ien fan de oare projekten fan de Dichter fan Fryslân is om de jeugd yn de kunde te bringen mei poëzy en literatuer. De Dichter fan Fryslân is dêrom op dit stuit dwaande mei in toer by middelbere skoallen del. De poëzyfilms passe ek moai by dat projekt seit Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries. "By myn optredens fernim ik dat bern, mar ek folwoeksenen, makliker de oandacht derby hâlde as ik út en troch byld en muzyk taheakje. We ha ek besocht om werkenbere saken yn de fideo's te ferwurkjen, dan komst tichterby de minsken."
Mei de fideo's hopet Nyk de Vries dat bern entûsjast wurde oer poëzy en sjogge dat it mear is as in 'skoaltaak'.
Dichter fan Fryslân Nyk de Vries op middelbere skoalle yn Easterwâlde © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Nyk de Vries stiet mei syn proazagedichten geregeld op literatuer- en teäterfestivals yn binnen- en bûtenlân. De Vries skreau ek ferskate romans en poëzybondels. As Dichter fan Fryslân treedt Nyk de Vries op as poëtysk ambassadeur. Hy skriuwt seis oant tsien gedichten jiers, ynspirearre troch opfallende en aktuele saken yn de provinsje.

Fideo's by Omrop Fryslân

Dat de fideo's fan novimber ôf by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen binne fynt Nyk moai. "Sa kinst eltsenien dy't net direkt wat mei poëzy hat, of net elke dei in dichtbondel iepenslacht, toch nijsgjirrich meitsje. Ik bin hiel benijd wat de reaksjes fan sjoggers wêze sille."
Op snein 8 novimber giet de earste fan in rige fan sân koarte poëzyjfilms yn premjêre. De poëzyfilm 'Begjin' is snein om 17.40 oere te sjen by Omrop Fryslân.