Oantal besmettingen yn Fryslân bliuwt stabyl: 135 gefallen yn ôfrûne 24 oeren

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 135 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne ûngefear likefolle as de ôfrûne dagen. Snein wiene it 132, en sneon 130. Lanlik binne der 8306 besmettingen fêststeld. Dat binne der 430 minder as in dei earder.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir)
In tredde fan de besmettingen is fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Dat wiene der 45. In wurdfierder lit witte dat de GGD net wit hoe't it kin dat dy gemeente der sa boppe-út stekt. Dy organisaasje siket nei in ferklearring.
Der binne moandei gjin nije stjergefallen konstatearre, en ek gjin minsken opnaam yn it sikehûs. Dat blykt út de sifers fan it RIVM.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir)
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.