Fytsersbûn siket testfytsers mei de nedige kilometers op de teller

02 nov 2020 - 14:19

Ek dizze hjerst binne der noch genôch moaie dagen om op de fyts te stappen. It Fytsersbûn hat dêrom op 'e nij trochtraaprûten makke, dy't ek foar âldere minsken noflik binne om te fytsen. Der binne nij rûtes útset yn Balk, Bûtenpost, Burgum, Dronryp, Harns, Wolvegea en trije yn Ljouwert. Om dizze rûtes te testen, siket it Fytsersbûn testkandidaten mei de nedige kilometers op de teller.

Foto: Fietsersbond

De trochtraaprûten binne rûntsjes fan sa'n tweintich kilometer, dy't oer romme paden mei weinich opstakels en relatyf feilige krusingen geane. De rûtes binne yn earste ynstânsje bedoeld foar âldere fytsers, mar binne fansels iepen foar eltsenien. Fan 't simmer hawwe al sa'n 600 fytsers de earste 16 rûtes test.

Minsken dy't ynteresse hawwe yn it testen fan in rûte, kinne maile nei fietsschool@fietsersbond.nl. Dêrby is it wichtich om te fermelden yn hokker fan de rûtes ynteresse is.

Trefwurden: 
Fytsersbûn testfytse
(Advertinsje)
(Advertinsje)