Trainer Henk de Jong oer útstelde wedstriid: "Wês op syn minst sa fatsoenlik om ús efkes te beljen"

02 nov 2020 - 14:02

"Ik baal der fan dat Jong PSV ús net meld hat dat se de wedstriid útstelle wolle. Wês op syn minst sa fatsoenlik om ús efkes te beljen." Dat seit trainer Henk de Jong as reaksje op it nijs dat de útwedstriid tsjin Jong PSV moandeitejûn útsteld wurdt. De spilers en trainers fan SC Cambuur stiene moandeitemoarn op it punt om yn de bus te stappen foar de útwedstriid yn Eindhoven. Mar, op dat momint krige de klup it berjocht dat de wedstriid net trochgiet. "Dêr baal ik fan", seit De Jong.

Foto: Omrop Fryslân

By tsjinstanner PSV binne in hiel soad coronabesmettingen yn ien kear ûntstien, en dêrom is de wedstriid útsteld. "Dat snap ik mar al te goed", seit trainer Henk de Jong fan Cambuur. "Dat kin ús ek oerkomme. Mar ik wol alle klups oproppe om dan fuort efkes in telefoantsje te dwaan nei de tsjinstanner, sadat dy ek op 'e hichte is. No sitte wy fan 'e moarn allegear yn de bus en binne klear foar de wedstriid, wêrnei't we teloarsteld wer útstappe kinne. Dêr baal ik as in stekker fan."

"Wy wolle áltyd fuotbalje"

Sels misse de Ljouwerters op dit stuit ek in soad spilers mei blessueres. Dochs hie De Jong mar wat graach spylje wollen. "Fansels, wy wolle áltyd fuotbalje. Ik lit jonge jonges meitraine, sadat wy altyd genôch spilers ha. It kin gebeure dat ek wy te min spilers ha, dat we ôfsizze moatte. Mar lit soks dan op 'e tiid witte oan in tsjinstanner."

Drokke aginda

De wedstriid tsjin Jong PSV wurdt opskood, mar in datum is noch net bekend makke. Mei de folle aginda wurdt it in útdaging om noch in frij momint te finen. "Dat moat de KNVB mar besjen", fynt De Jong. "It wurdt koart tiid, mar dat is foar lettere soarch. As it aanst safier is, dan is it fuotbalje, fuotbalje en noch ris fuotbalje. Dat is foar ús gjin probleem. Dan is de iennige útdaging om de jonges fit te hâlden."

Trainer Henk de Jong

Wedstriidprogramma SC Cambuur

De folgjende wedstriid fan de Ljouwerters is no kommende sneon tsjin Jong Ajax.

(Advertinsje)
(Advertinsje)