Fryske musea en teäters reagearje berêstend op nije coronamaatregels: "It siet der oan te kommen"

02 nov 2020 - 12:39

Nei alle gedachten moatte teäters, bioskopen en musea aanst twa wiken lang de doarren slute. Dat is ien fan de maatregels dy't útlekt is en neffens 'ingewijden' tiisdeitejûn bekend makke wurde sil by de parsekonferinsje fan premier Mark Rutte en minister Hugo de Jonge. It is op 'e nij in flinke teloarstelling foar de kultuersektor. Fryske teäters, bioskopen en musea reagearje lykwols berêstend.

Nije coronamaatregels foar musea, teäters etc.

"Je moet niet te strak in de wedstrijd zitten", seit Marijke van der Woude, direkteur fan De Harmonie yn Ljouwert. "Ik noem het geen berusting, maar 'gezond verstand'."

Ek by it Fries Scheepvaart Museum yn Snits is direkteur Meindert Seffinga net ferbjustere troch de nije maatregels. "Wy witte it fansels noch net offisjeel, mar der wurdt de lêste tiid soarchfâldich lekt, dus dit sil ek wol wier wêze. It is spitich, mar it siet der wol in bytsje oan te kommen." Fansels baalt Seffinga fan it beslút dat syn museum de doarren slute moat. "Der is hjir romte genôch en wy biede moaie dingen as treast foar minsken. Ek dat is wichtich yn dizze drege tiid."

De grutste klap

Marijke van der Woude fan De Harmonie slút har oan by Seffinga en seach de maatregels ek wol in bytsje oankommen. "We hebben als theater alle maatregelen getroffen en één van die dingen is dat je heel flexibel omgaat met die maatregelen. De grootste klap hebben we in het voorjaar al gehad, dat was echt desastreus. Deze klap is een stuk kleiner."

Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Tige soer

Unearlik fine beide direkteuren it beslút om de doarren ferplichte te sluten lykwols net. Seffinga: "As jo op it plak sitte fan it regear dan is elk beslút ûnearlik, wat der ek betocht wurdt. De hoareka fynt it bygelyks ek ûnearlik. Fansels is it tige soer, mar as wy der as museum oan bydrage kinne dat it tsjingean fan it firus sa wer in stikje tichteby komt, dan wurkje wy dêr graach oan mei."

Ferslachjouwer Hayo Bootsma yn peatear mei Meindert Seffinga en Marijke van der Woude

(Advertinsje)
(Advertinsje)