Fertochte reagearret emosjoneel yn hegerberopssaak-Van Seggeren

Op de earste dei fan it heger berop yn de saak fan de moard op Tjeerd van Seggeren út Kollumersweach hat de rjochter mei fertochte, widdo Jessica B., benammen sjoen nei wat op 8 en 9 july 2017 barde, de nacht dat it lichem fan Tjeerd van Seggeren fûn waard. Op ferskate mominten reagearre de fertochte emosjoneel. De fertochte waard earder feroardiele ta tweintich jier selstraf.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
In moanne lyn kaam it nijs nei bûten dat in brief fan Uwe D. by de advokaat fan de fertochte besoarge wie. Dêryn stiet dat hy, in omke fan de fertochte, Tjeerd ombrocht hat. De brief soe út namme fan him stjoerd wêze, omdat hy op dat momint al ferstoarn wie.
Op dy brief reagearre de fertochte emosjoneel, sa't se by de saak op meardere mominten emosjoneel reagearre. Se sei dat se net wit wa't se leauwe moat, hat gjin fertrouwen yn de eigen famylje, se hat gjin kontakt mei har mem. Ek sei se: "Ik word op elk woord gepakt dat ik heb gezegd. Dat is is verschrikkelijk. Omdat het allemaal aannemelijk wordt gevonden, heb ik twintig jaar cel gekregen."
Op dizze dei komt noch oan de oarder it ûndersyk fan it Pieter Baan Centrum en ek it sprekrjocht fan de neibesteanden. Tiisdei folget nei alle gedachten de eask.
Auke Zeldenrust oer de saak-Van Seggeren
In seleksje út de tweets fan ferslachjouwer Auke Zeldenrust dy't de saak folget:
"Weet u wat er gebeurd zou kunnen zijn", freget de rjochter. "Ik zou het echt niet weten, en ik weet het nog steeds niet", antwurdet de fertochte. It docht bliken dat se in min houlik hawwe, 'met mishandelingen'. Se skiede net. "Ik was bang dat mijn kinderen van me afgenomen zouden worden" seit de fertochte.
In wike foar Tjeerd syn dea, besiket de fertochte mei him famylje yn Dútslân. De oare deis is er siik. "De politie suggereert dat u hem mogelijk hebt geprobeerd te vergiftigen met insuline", seit de rjochter. De fertochte reagearret: "Dat is bizar. Tjeerd had gewoon buikgriep."
Se tekenet in libbensfersekering fan seis ton by it ferstjerren fan har man. "Ik wist niet dat het om zo'n hoog bedrag ging".
Op it lichem fan Tjeerd wurdt inkeld DNA fan Jessica fûn. Neffens advokaat De Pree fan de fertochte is dat frjemd. "Dat is eigenaardig voor iemand die net op een festival is geweest met heel veel bezoekers. Of dat DNA is verdwenen of er is slecht onderzoek gedaan."
De fertochte hat nachts whatsappkes fuorthelle. "Omdat Tjeerd er moeite mee had dat ik contact had met mijn familie. Dat was wel een dingetje." In pear dagen nei't it lichem fan Tjeerd fûn is, makket de fertochte de auto skjin, krekt foardat de plysje de wein besjen wol. "Nou ja schoongemaakt is een groot woord. Ik heb de matten uitgeklopt, meer niet."
Opfallend is dat de mem fan Jessica earder wist dat Tjeerd fûn wie as de widdo sels. "Ik zou het echt niet weten hoe dat kan. Ik heb het haar in ieder geval niet verteld."
Yn de saak komt ek de brief op it aljemint dy't famyljelid Uwe D. yn april stjoerd ha soe nei de advokaat. Dêryn soe stean dat Uwe Tjeerd fermoarde hat. Uwe kin de brief net sels skreaun ha, omdat er yn april al stoarn is. De fertochte wurdt wer emosjoneel. "Ik vind dit afschuwelijk, zo'n brief. Ik weet helemaal niet meer wie ik moet geloven."
Folgje it twitterferslach fan Auke Zeldenrust
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust sit yn de rjochtsseal en hâldt fia Twitter elkenien op 'e hichte.
Yn july 2017 wurdt it lichem fan de 37-jierrige Tjeerd van Seggeren út Kollumersweach oantroffen yn in stik greide oan de râne fan De Westereen. Dêrnei is it lang ûndúdlik wat der krekt bard is. Yn desimber dat jier wurdt de 33-jierrige frou fan Van Seggeren oanholden as fertochte fan belutsenheid by de dea fan har man. Op de rjochtsaak docht bliken dat it slachtoffer mei opsetsin mei in hurd of stevich foarwerp op 'e holle slein is en sa om it libben brocht is.
Op 11 july 2019 wurdt de widdo feroardiele ta tweintich jier sel foar moard op har man. De advokaat giet yn heger berop.