Tal ikeprosesjerûpen krûpt stadichoan werom

02 nov 2020 - 11:39

De ikeprosesjerûp hat ôfrûne simmer foar minder oerlêst soarge as ferline jier. Dat stelt it Kenniscentrum Eikenprocessierups. Wêr't yn de simmer fan 2019 goed 55 prosint fan de ikebeammen besmet wienen mei de rûpen, wiene dat der dit jier mar 33 prosint. Boppedat wiene de nêsten folle lytser.

Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Neffens it Kenniscentrum Eikenprocessierups hawwe de previnsjemaatregels holpen. Yn Fryslân wiene der in soad gemeenten dy't fûgelhûskes ophongen yn de beammen om de ikeprosesjerûp op natuerlike wize tsjin te gean.

Trefwurden: 
oerlêst ikeprosesjerûp
(Advertinsje)
(Advertinsje)