Riedslid Meijerhof makket oerstap nei PvdA yn Eaststellingwerf

02 nov 2020 - 11:28

Riedslid Edwin Meijerhof makket de oerstap nei de PvdA yn Eaststellingwerf. Meijerhof begong yn 2018 as riedslid foar Ooststellingwerfsbelang, mar stapte yn augustus 2020 út de fraksje, nei eigen sizzen fanwegen tsjinstelde belangen.

Ekstra gearkomste fan de Ried fan Eaststellingwerf oer de bestjoerskrisis yn de gemeente - Foto: Omrop Fryslân

Meijerhof gong fierder as ienmansfraksje, mar dit befoel net. Fandêr no de oerstap nei de PvdA. PvdA-fraksjefoarsitter Jelke Nijboer is krekt as Meijerhof sels wiis mei de oerstap.

(Advertinsje)
(Advertinsje)