'Huisarchief' fan Jelsumer Dekema State jout geheimen priis yn 'biografy'

02 nov 2020 - 11:27

Ferspraat oer Fryslân binne tal fan bûtenpleatsen te finen. Ien dêrfan is Dekema State yn Jelsum, dêr't heechlearaar Yme Kuiper, mei Sjoerd Cuperus, in boek oer skreau. 'De biografie van een landgoed' telt 700 siden en giet oer de rike skiednis fan it slot dy't weromgiet oant de lette midsiuwen.

Foto: Bornmeer

It boek is makke yn opdracht fan de Stichting Dekema State dy't de state yn 1996 kocht. Cuperus hat der earst fiif jier oan wurke, oant syn dea yn 2015. Doe frege it bestjoer oft Yme Kuiper it boek ôfmeitsje woe. Dêr hat er ek nochris sa'n fiif jier mei dwaande west.

"Het is zo'n dik boek geworden omdat er heel veel te vertellen was omdat er een groot huisarchief bewaard is gebleven en ik wilde al die mooie dingen niet laten liggen", fertelt Yme Kuiper. "Daardoor zijn er talloze nieuwe zaken ontdekt en is het een aanvulling op wat al bekend was."

Benammen ek de relaasje mei it doarp en it lânskip komme wiidweidich oan de oarder. "Het gaat niet alleen om het huis en zijn bewoners, maar ook om de bijbehorende landerijen. Veel dorpsbewoners hadden te maken met Dekema State, ze huurden er grond of ze waren er in dienst."

It boek befettet tal fan ferhalen, oer de ferskate famyljes dy't der wenne ha en ek oer de relaasje mei de stedhâlders. "Stadhouder Willem Frederik bezocht regelmatig Dekema State, want de eigenaar had een stoeterij en hij was een liefhebber van paarden."

Yme Kuiper

It telefyzjeprogramma Bûtenpleats jout omtinken oan de Fryske staten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)