NNRD útroppen ta bêste learbedriuw Transport & Logistyk: "Bist in baas op 'e dyk"

02 nov 2020 - 11:00

Offalferwurker NNRD út Drachten is útroppen ta Bêste learbedriuw Transport & Logistyk 2020. De NNRD liedt learlingen op troch âldere, betûfte meiwurkers as coach oan te stellen.

NNRD útroppen ta bêste learbedriuw Transport & Logistyk

De foarsitter fan de faksjuery, Gabby Delhaas, seit as taljochting op it rapport dat "de NNRD excelleert op alle onderliggende beoordelingscriteria. Hiermee is het een allround hoogstaand leerbedrijf."

De bedriuwslieder fan NNRD, Jan Kuipers, is mar wat grutsk op de titel. "De sjuery hat lâns west, want úteinlik giet it om ús minsken, de learlingen dy't wy oan it wurk hawwe. Se sjogge nei hoe't wy mei de learlingen omgeane, hoe't it sosjaal is, hoe't de beleaning is en hoe't se begelaat wurde yn it trajekt."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Ferslachjouwer Johanna Brinkman yn petear mei Jan Kuipers fan NNRD

Fjouwer dagen wurkje, ien dei nei skoalle

"De jonges begjinne as se 18 jier wurde mei in persoaneauto-rydbewiis, dêrnei dogge se de oplieding by it STL, it Sectorinstituut Transport en Logistiek. Fjouwer dagen yn 'e wike wurkje se dan by ús, en ien dei yn de wike geane se nei skoalle ta", fertelt Kuipers. "Earst geane se mei as belader, dan geane se mei de sjauffeurs mei om de rolkonteners der achter te goaien en leech te meitsjen. Ek krije se dan útlis oer de frachtweinen."

Wannear't de learlingen it C-rydbewiis hawwe, it rydbewiis foar de frachtwein, kinne se selsstannich op de frachtwein ride mei harren begelieder derneist. "Dêrnei wurde se loslitten", sa seit Kuipers.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

In baas op 'e dyk

Ien fan de learlingen dy't it trajekt folge hat, is Robin Hellinga. Hy mei yntusken selsstannich, sûnder begelieder, ride. "Geweldich, bist in baas op 'e dyk. It is it grutste spul op 'e dyk, dat fyn ik machtich", fertelt hy. Ek Hellinga is tefreden oer it opliedingstrajekt. "De kânsen dy'tst hast om troch te streamen yn dyn wurk, dat is moai", sa seit Hellinga.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman op de frachtwein fan NNRD

(Advertinsje)
(Advertinsje)