Kollum: "Sieltsjes winne"

02 nov 2020 - 08:19

"By ús thús sit de âldste yn groep acht. Dat betsjut dat wy op dit stuit midden yn de syktocht sitte nei in grutte skoalle. Iepen dagen, meirindagen, ynformaasjejûnen en doe-middagen; de ferkiezingskampanje fan Donald Trump is der neat by.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Eins begong it hiele sirkus ferline jier al yn groep 7. Doe al krigen de bern flyers mei nei hûs fan saneamde 'doe-middagen', wêryn't se alfêst in oantal lessen folgje koenen. Dit jier binne der op 'e nij tal fan iepen dagen en aktiviteiten. En alle kearen krije de takomstige learlingen oan de ein fan sa'n dei in kadootsje mei nei hûs. En dat liicht der net om.

Airpods, powerbanks, sels komplete kisten mei ark wurde der fuortjûn om bern mar safier te krijen dat se foar dy bewuste skoalle kieze. Fansels sit dêr in ekonomyske formule achter, dy't presys útrekkenet wat sa'n nije learling de skoalle úteinlik opsmyt en wat sa'n kadootsje dan kostje mei. Mar ik stean fersteld fan it jild dat hjirfoar útlutsen wurdt.

As ik weromtink oan myn lêste jier yn groep acht, dan komme der gjin airpods of powerbanks nei boppen. Tweintich jier lyn wienen dy der fansels ek noch net, mar ik kin my net heuge dat it útsykjen fan de grutte skoalle sa'n big deal wie. Sterker noch: ik há net iens socht. De kar wie al makke. Ik gong nei it Drachtster Lyceum. Punt út.

It iennige dat ik my noch heuge kin, wie ús 'kennismakingsdag'. Dy woansdeitemiddei moasten wy allegear op ús fytskes nei de nije skoalle ta om ús mentor in hân te jaan en de nije klasgenoaten te besjen. Deabenaud wie ik. Dat begong al mei it feit dat ik yn 'e broek skiet dat ik ferkeard fytse soe. Ik hie as holbewenner út Aldegea noch noait allinnich op 'e fyts nei Drachten west. De dei fan tefoarren ha ik tegearre mei ús heit it hiele stik twa kear fytst.

Nei dy kennismakingsdag wie it simpelwei wachtsjen oant de earste echte skoaldei begong as brugpieper. Ik ferdwaalde al yn de kantine. Mei sa'n grutte tas op de rêch strúnden wy de earste wike as stonede bûtenlânske toeristen troch it skoalgebou. Gjin klaslokaal dat we fine koenen. Datselde wie it gefal doe't ik nei de earste dei myn fyts weromfine moast. Wêr hie 'k 'm ek mar wer delset tusken al dy hûnderten oare fytsen?

Ach, miskien is it ek mar goed dat bern út groep 8 tsjintwurdich hast faker op harren nije skoalle binne as op harren eigen basisskoalle. Dan fielt it yn elk gefal in stik fertrouder as se aanst de earste skoaldei ha en moarnsbetiid mei de tas ûnder de snelbiners dy kant op gean. Mei in bytsje mazzel krije se dit jier noch in elektryske fyts as kadootsje. Dat meist dochs op syn minst ferwachtsje fan in grutte skoalle."

(Advertinsje)
(Advertinsje)