Liveblog | 2 novimber 2020

Coronanijs fan 2 novimber: Boargemasters wolle folslein fjoerwurkferbod | 135 nije besmettingen

Dit is it liveblog fan moandei 2 novimber mei it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân.
Lêst bywurke: 2 novimber 2020, 22:47
moandei 2 novimber 2020
22:45

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan moandei 2 novimber. Tiisdei is der wer in liveblog oer it coronafirus.
De wichtige punten fan it coronanijs fan moandei:
21:55

Boargemasters wolle folslein fjoerwurkferbod om corona

De 25 boargemasters dy't mei-inoar it Veiligheidsberaad vormen, pleite mei-inoar foar in folslein fjoerwurkferbod by de jierwikseling. Sy wolle dat it ôfstekjen en de ferkeap fan fjoerwurk dit jier net trochgiet. "Vuurwerk zorgt niet alleen voor schade en legt een enorme druk op de hulpdiensten, het brengt dit jaar ook veel onzekerheid en spanningen met zich mee", sa seit foarsitter Hubert Bruls namens de boargemasters.
De Twadde Keamer debattearret dizze wike oar sa'n ferbod.
20:40

Reisadvys Dútslân nei oranje

It reisadvys foar Dútslân feroaret tiisdeitemiddei om 12.00 oere fan giel nei oranje. Dat meldt de NOS. Allinnich needsaaklike reizen binne dan noch mooglik en by it weromkommen yn Nederlân freget Buitenlandse Zaken minsken om tsien dagen yn thúskarantêne te gean.
Wat presys de gefolgen binne foar it grinsferkear tusken Dútslân en Nederlân is noch net bekend. Ek it reisadvys foar Portugal (mei útsûndering fan de Azoaren) giet tiisdei fan giel nei oranje.
20:32

Weststellingwerf tinkt nei oer alternative stemlokaasjes

De gemeente Weststellingwerf tinkt nei oer alternative stimlokaasjes foar de Twadde Keamer-ferkiezingen fan takom jier. Dat sei boargemaster André van de Nadort op fragen út de gemeenteried.
"We zijn al bezig met de voorbereidingen. We zijn in gesprek met scholen en verzorgingstehuizen", seit Van de Nadort. De boargemaster sei dat je de stimlokalen yn de tehuzen miskien allinnich iepenstelle moatte foar de bewenners, mar ek skoalbestjoeren soene weromhâldend wêze. Alders wurde op dit stuit al net talitten op skoallen.
De Vereniging van Nederlandse Gemeenten wol dat skoalbern en leararen op 17 maart thúsbliuwe. Dan kinne gebouwen coronaproof as stimlokaasje brûkt wurde.
It kabinet kundige freed in spoedwet oan, wêrmei't trije dagen foar de ferkiezingen yn elke gemeente al stimlokalen iepen kinne. Ek moatte minsken fan santich jier en âlder yn steat steld wurde om mei de post te stimmen. De boargemaster wachtet no op wat der yn de spoedwet komt te stean. "Maar we gaan zorgen dat het stemmen op een goede manier gebeurt", sa seit hy.
18:38

Sint-Marten yn de coronakrisis

Hoewol't optochten dit jier net tastien binne by Sint-Marten is it neffens de Veiligheidsregio Fryslân wol mooglik om mei de bern lâns de duorren te gean. De Veiligheidsregio hat hjiroer in tal maatregels opsteld. Bygelyks: hâld genôch ôfstân fan minsken yn de doariepening en haw begryp foar minsken dy't leaver net de doar iepen dogge.
Alle maatregels binne nei te lêzen op de webside fan de Veiligheidsregio.
18:33

Boargemaster De Vries oer hege tal besmettingen yn SWF

It begjint hieltyd mear op te fallen: de gemeente Súdwest-Fryslân docht it net al te bêst sjoen it tal oprinnende coronabesmettingen. Fan alle 135 gefallen dy de ôfrûne 24 oeren yn de provinsje fêststeld binne, is in tredde part (45) konstatearre yn Súdwest Fryslân. "We sykje foar in ferklearring hoe dit kin, sadat we aksje ûndernimme kinne. Dêroer hawwe we goed kontakt mei de GGD. Mar we krije de finger der noch net efter wêr't it him no yn sit", seit boargemaster Jannewietske de Vries.