Scooter giet yn flammen op yn Drachten

02 nov 2020 - 07:00

Op in parkearplak oan de Wielewalen yn Drachten is yn de nacht fan snein op moandei in scooter folslein útbaarnd. De plysje hat besocht om de flammen út te krijen, mar koe net foarkomme dat dy folslein ferlern gong.

Foto: De Vries Media

In auto dy't njonken de scooter stie, rekke skansearre. By de brân kaam in soad reek frij. Om't brânstifting foar de hân leit, sil de plysje de saak ûndersykje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)