Heger berop yn saak-Van Seggeren fan start

02 nov 2020 - 07:00

Moandei is de earste fan trije dagen fan it heger berop yn de saak fan de moard op Tjeerd van Seggeren út Kollumersweach. Fertochte Jessica B., de widdo fan Tjeerd van Seggeren, waard earder feroardiele ta tweintich jier selstraf.

Foto: GinoPress B.V.

Eins soe it heger berop al earder tsjinje, mar by de tariedende sitting waard dúdlik dat de widdo noch ûndersocht wurde moast yn it Pieter Baan Centrum. Dat ûndersyk soe yn maart al plakhawwe, mar troch de corona-útbraak en it siik wurden fan har ûndersiker moast it ûndersyk útsteld wurde. Yntusken is it rapport op tiid klear foar de sitting. De útkomsten binne noch net bekend.

It ûndersyk is fierder fierhinne klear. De ferdigening woe fiif tsjûgen nochris hearre. Dat is ûnderwylst dien. Foar't de saak troch it Hôf behannele wurdt, is der begjin oktober neffens protokol earst noch wer in pro-formasitting west.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust oer it heger berop

Yn july 2017 wurdt it lichem fan de 37-jierrige Tjeerd van Seggeren út Kollumersweach oantroffen yn in stik greide oan de râne fan De Westereen. Dêrnei is it lang ûndúdlik wat der krekt bard is. Yn desimber dat jier wurdt de 33-jierrige frou fan Van Seggeren oanholden as fertochte fan belutsenheid by de dea fan har man. Op de rjochtsaak docht bliken dat it slachtoffer mei opsetsin mei in hurd of stevich foarwerp op 'e holle slein is en sa om it libben brocht is.

Op 11 july 2019 wurdt de widdo feroardiele ta tweintich jier sel foar moard op har man. De advokaat giet yn heger berop.

Begjin oktober waard dúdlik dat rjochters fan it Hôf yn Ljouwert nochris it plak delikt besjen soene dêr't Tjeerd van Seggeren op 9 july 2017 dea oantroffen waard. Dizze saneamde skou die it Hôf op fersyk fan de advokaat fan de widdo dy't yn 2019 ta 20 jier sel foar de moard op har man feroardiele is.

Der hat earder in skou west troch de rjochtbank. "Maar toen hebben we met z'n allen een gangbaar graspad over het hoofd gezien", seit advokaat Brian de Pree. "Dat betekent dat er meer toegangswegen naar het weiland waren waar Tjeerd is gevonden. Het Openbaar Ministerie zegt dat er één route is en dat dader en slachtoffer elkaar daar hebben ontmoet. Als hij een andere route heeft genomen, dan valt dat scenario weg."

Anonime brief

Yn april dit jier krige de advokaat fan de widdo in anonime brief út namme fan in omke fan de widdo, omke D. Dêryn stiet dat omke D. sels de moard pleegd hawwe soe en net syn nichtsje. De brief is net skreaun troch omke D. sels om't dy doe al stoarn wie. "Dat is mogelijk interessant, omdat de moord dan in een andere hoek van de familie moet worden gezocht, oftewel daderschap van een van haar ooms", seit advokaat De Pree.

Folgje it twitterferslach fan Auke Zeldenrust

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust sit yn de rjochtsseal en hâldt fia Twitter elkenien op 'e hichte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)