Lytse brân yn leechsteand gebou fan boarterspark Aeolus yn Seisbierrum

02 nov 2020 - 06:49

Yn it leechsteande gebou fan it eardere boarterspark Aeolus yn Seisbierrum hat sneintejûn koarte tiid brân west. De brânwacht hie de brân rap ûnder kontrôle.

Foto: Jaring Rispens

De plysje koe efkes fierderop, op de N393, in auto mei in groep jongeren oanhâlde. De jongeren binne mooglik belutsen by de brânstifting yn it gebou. De plysje siket út wat harren rol krekt west hat.

Trefwurden: 
brânwacht Seisbierrum Aeolus
(Advertinsje)
(Advertinsje)