Auto oer de kop op it klaverblêd by It Hearrenfean

02 nov 2020 - 06:37

Op it klaverblêd by It Hearrenfean is moandeitemoarn betiid in auto meardere kearen oer de kop slein. It ûngelok barde om kertier foar fiven hinne. De bestjoerder rekke de macht oer it stjoer kwyt op it klaverblêd en sloech dêrnei meardere kearen oer de kop. De auto bedarre úteinlik yn de berm.

Foto: Sicco Riedstra / SRFotografie

De brânwacht koe de bestjoerder út de auto helje. It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs. Hoe't it mei de man giet, is net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)