KNSB tefreden nei 'corona-NK': "De protocollen werken"

01 nov 2020 - 20:15

It Nederlânsk kampioenskip ôfstannen yn Thialf lei dit wykein ûnder in fergrutglês. Fanwegen it coronafirus kin hast gjin evenemint troch gean, mar it reedrydbûn KNSB krige wol tastimming om it NK te organisearjen. Dat is goed gien, alteast dat fynt technysk direkteur Remy de Wit fan de KNSB. Ek de feilichheidsregio lûkt neffens him dy konklúzje.

Remy de Wit oer it toernoai

"Hier staat een enorm trotse technisch directeur", begjint De Wit. "We hebben met een veelheid van mensen en organisaties dit van de grond kunnen krijgen. We hebben aan Nederland, Europa en de wereld laten zien dat het kan. Daar ben ik heel erg trots op." De KNSB krige dit wykein kontrôle fan de feilichheidsregio. "Wij hebben ze alles laten zien wat we doen. Wij kregen een dikke pluim."

De Wit wol ek benammen de reedriders in komplimint jaan: "De schaatsers en de ploegen hebben zich de afgelopen weken heel goed gedragen. De protocollen die we gemaakt hebben, die werken. Daar hebben onze artsen heel veel tijd in gestoken. Ook organisator House of Sports is een enorme meerwaarde. Die cocktail van alles bij elkaar zorgt ervoor dat we kunnen terugkijken op een succesvol toernooi."

Foto: Orange Pictures

Rûtinier Ireen Wüst slút har oan by de wurden fan De Wit. Neffens de reedrydster fan team Reggeborgh, dy't dit wykein ien brûnzen medalje helle, kinne der no mear toernoaien organisearre wurde yn Thialf. "Ik denk dat het heel erg goed is gegaan. Iedereen heeft zich heel netjes aan de regels gehouden en super goed samengewerkt. We hebben er met zijn allen een heel mooi toernooi van gemaakt. De besmettingen gaan naar beneden, dus dat stemt mij positief."

No it NK allround

It folgjende reedrydtoernoai is oer trije wiken it NK allround. Kin dat troch gean neffens De Wit? "Wat ons betreft wel. Wij hebben aankomende week evaluaties gepland. Zoals we er nu in zitten, gaan we volle vaart verder en hebben we met elkaar bewezen dat het kan."

Dêrby sil De Wit ek nei it shorttracken sjen. De earste Invitation Cup koe ferline wike net trochgean, mar oer twa wiken stiet der in twadde pland. De Wit hopet dat dy wol plakhawwe kin yn Thialf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)