Opposysjepartijen Dantumadiel wolle gjin strukturele besuniging op De Wâldsang

01 nov 2020 - 19:50

De gemeente Dantumadiel moat net fierder besunigje op kultuersintrum De Wâldsang yn Bûtenpost. Dat fine de opposysjepartijen CDA, FNP en VVD yn de gemeente. De trije partijen sizze dat se de wearde fan De Wâldsang sjogge en wolle de strukturele besuniging, dy't de gemeente trochfiere wol, omsette yn in ienmalige besuniging.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

De gemeente Dantumadiel jout no noch subsydzje foar it learen bespyljen fan in ynstrumint. B&W wolle dêrmei ophâlde. Neffens De Wâldsang is dat in minne saak. Muzyk meitsjen is fan grut belang foar it wolwêzen fan minsken, seit it kultuersintrum om't it bern foarmet.

Earder wie it kolleezje yn de gemeente Achtkarspelen fan doel om te besunigjen op De Wâldsang. Die gemeente kaam dêrop werom. Wannear't it útstel fan CDA, FNP en VVD it net hellet, sil Dantumadiel nei alle gedachten de iennichste gemeente wêze dy't struktureel besuniget op de muzykskoalle, dy't yn fjouwer gemeenten aktyf is. De Wâldsang wurket al 50 jier yn de regio en hat sa'n 40 meiwurkers dy't allegearre zzp'er binne en wykliks oan hûnderten bern lesjouwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)