Henk Veerman bliid mei definsje: "Dan kunnen we er voorin vol op klappen"

01 nov 2020 - 19:00

Mei in 4-1 oerwinning op Sparta sneintemiddei bliuwt SC Hearrenfean boppeyn meidraaien yn de earedifyzje. De Feansters stiene by it skoft al mei 3-0 foar troch goals fan Benjamin Nygren, Jan Paul Van Hecke en Henk Veerman. De ploech fan trainer Johnny Jansen hat no 16 punten út 7 wedstriden. Dêrmei stean se twa punten achter op koprinner Ajax.

Oanfaller Henk Veerman nei ôfrin fan it duel:

Henk Veerman nei ôfrin fan de wedstriid

Spits Henk Veerman makke twa doelpunten, en is no topskoarder fan Nederlân mei sân goals yn sân wedstriden: "Ik ben er niet me bezig, maar het is leuk en mooi meegenomen. Het gaat nu gewoon erg goed, en dat hoop ik zo lang mogelijk vol te houden. Maar als ik volgende week opzij kan leggen in plaats van zelf te schieten, dan doe ik het."

'Wachten op de counter'

De lange oanfaller wie yn de wedstriid tsjin Sparta benammen bliid mei de ferdigening fan de Feansters. "Ik denk dat we een hele degelijke achterhoede hebben, die gewoon weinig weggeeft. Dan kun je wachten op een counter, want je weet dat het achterin goed staat. Op die momenten kun je dan vol vooruit klappen als aanvaller. Daar moeten we op voortborduren."

Trainer Johnny Jansen oer de oerwinning tsjin Sparta:

Johnny Jansen nei de oerwinning

Yn de slotminút krige Hearrenfean in penalty tsjin. Dat makke foar de wedstriid neat mear út, mar trainer Johnny Jansen wie optein mei de reaksje fan syn ploech. "Je ziet die jongens dan in de kleedkamer balen. Ze lopen niet de polonaise. Dat is het karakter van dit elftal."

'Veel kwaliteit op het veld'

Yn it duel mei Sparta seach Jansen dat syn ploech hieltyd better fuotballet. "We spelen heel compact, we zetten op het juiste moment druk, we veroveren op het juiste moment de bal. Zo kunnen we mensen uit ruimtes weg laten lopen. Zo gaan we steeds beter voetballen, omdat we elkaar steeds beter vinden. We hebben op dit moment veel kwaliteit op het veld lopen."

Oer syn topskoarder, Henk Veerman, seit Jansen noch: "Ik zie een hele mooie wisselwerking tussen Henk en de groep. Wat hij laat zien, dat is bij momenten fantastisch. De discipline moet hoog blijven bij ons, als we dan stapje voor stapje nog beter worden dan gaat het hopelijk nog heel veel punten opleveren."

(Advertinsje)
(Advertinsje)