Efkes ûntsnappe út de wrâld fan corona mei in jûntsje yn it teäter

Oars as yn de foarige lockdown binne guon teäters no wol iepen, lykas De Harmonie yn Ljouwert. Mar gjin sealen fol mei hûnderten besikers. Per foarstelling meie der mar 30 minsken by wêze en der is gjin hoareka. De Harmonie set alles op alles om de sfear der yn te hâlden, sa as by it optreden fan harpiste Lavinia Meijer fan it wykein.
In jûntsje teäter yn lockdown
Minsken komme mei mûlkapke op it lege teäter binnen. Se krije gjin bakje kofje, mar moatte gelyk de seal yn. It fielt foar de besikers wat nuver, mar ien kear yn de seal is de sfear hiel yntym. Dat komt om't it publyk, lykas de artyste, op it poadium sit.
"Je kunt soms een speld horen vallen", fertelt harpiste Lavinia Meijer. "Je voelt gewoon hun interesse en hoe echt het binnenkomt." Ien fan de besikers fertelt hoe belangryk it foar har is om der even út te wêzen. "It jout ûntspanning en bist echt even yn in oare wrâld."
© @MajankaFotografie
De Harmonie docht der fan alles oan om it sa feilich mooglik te hâlden mar ek om in moaie sfear te behâlden. Om safolle mooglik minsken in kâns te jaan om nei it teäter te gean, spylje artysten bytiden faker. Sa spile Lavinia Meijer twa kear op in jûn. Mocht dizze lockdown langer duorje, dan bliuwt De Harmonie gewoan iepen.

Ferskillen tusken teäters

Mar de ûnwissichheid is grut. Der is in kâns dat teäters wer hielendal ticht moatte of dat se weromgean nei de situaasje yn de simmer. Doe mochten der 200 minsken yn de grutte seal, dêr't gewoanwei tûzen minsken yn kinne. De skouboarch hâldt rekken mei al dizze senario's.
Elk teäter yn Fryslân pakt it wer oars oan. Ek De Lawei yn Drachten en it Posthuis Theater op It Hearrenfean besykje noch safolle mooglik trochgean te litten. Theater Sneek hat foarearst de foarstellingen skrast en De Koornbeurs yn Frjentsjer is noch iepen foar benammen films.
Ferslachjouwer Wendy Kennedy wie yn De Harmonie