PvdA trapet lanlike kampanje digitaal ôf op It Hearrenfean

Gewoanwei wurde ferkiezingsprogramma's faak presintearre yn grutte sealen of op in partijkongres, mar troch corona moatte de partijen yn de Twadde Keamerferkiezingen fan maart dit jier sykje nei oare mooglikheden. De PvdA die dat snein troch it programma yn in online telefyzjeprogramma sjen te litten. Dat barde tusken de auto's yn it wurkplak fan it Friesland College op It Hearrenfean. "Normaal hebben we een zaal stampvol enthousiaste mensen en nu staan we tussen de auto's", sa sei listlûker Lodewijk Asscher.
PvdA trapet lanlike kampanje digitaal ôf op It Hearrenfean
De presintaasje fan it ferkiezingsprogramma wie foarmjûn as in telefyzjeprogramma. Ald-presintator fan Klokhuis, Habtamu de Hoop, prate it programma oan inoar en stelde fragen oan Asscher en de foarsitter fan de programmakommisje fan de PvdA. De Hoop is ek ien fan de fjouwer Fryske PvdA'ers dy't hoopje op in plakje op de lanlike list.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Wytse Vellinga by de ôftraap fan de PvdA
Mei de presintaasje yn Fryslân wol de PvdA sjen litte dat se in soad each hawwe wolle foar de regio yn de kommende perioade. Sa pleitsje se yn it programma foar de oanlis fan de Lelylijn, wolle se de skipfeartrûte boppe de waadeilannen ferlizze en fan it feangreidegebiet in natuergebiet meitsje. Listlûker Lodewijk Asscher joech sneontemoarn in taljochting op de plannen by it radioprogramma Buro de Vries.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It digitale telefyzjeprogramma op It Hearrenfean wie de ôftraap foar de kampanje. In kampanje dy't yn alle gefallen oars wêze sil as oare jierren. Want corona makket it fansels lestich om no de strjitte op te gean om de kiezers op te sykjen. Asscher dêroer: "Ik zou heel graag gewoon de straat op gaan, maar we moeten ons allemaal aanpassen."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga