Sulver foar Femke Kok op 1000 meter, Ireen Wüst tredde

01 nov 2020 - 16:41

Femke Kok hat nei har gouden medalje op de 500 meter ek in priis pakt op de 1000 meter. Se ried in persoanlik rekôr yn 1.15,16 en dat is goed foar it twadde plak. Kok moast 1,30 sekonde tajaan op de winneres Jutta Leerdam, dy't in klasse apart wie. De brûnzen medalje is foar Ireen Wüst.

It reinde persoanlike rekôrs op de 1000 meter. Ek Marijke Groenewoud ried in PR: 1.15,57. Op de 1000 meter die ek shorttrackster Suzanne Schulting mei. Om't der gjin shorttrackwedstriden binne, kin se it kombinearje mei de langebaan. Schulting siet ek ticht by in nij persoanlik rekôr, mar ried seis hûndertsten stadiger as har rapste tiid ea op de 1000 meter. Sprinttalint Marrit Fledderus, dy't sneon ferrassend brûns pakte op de 500 meter, ferbettere har persoanlik rekôr mei hast twa sekonden.

Antoinette de Jong foel tsjin en kaam net fierder as it njoggende plak. Ek Helga Drost (alfde) en Janine Smit (sechstjinde) koene net yn de prizen ride.

Utslach 1000 meter froulju

1. Jutta Leerdam 1.13,86
2. Femke Kok 1.15,16 (PR)
3. Ireen Wüst 1.15,40
4. Jorien ter Mors 1.15,44
5. Marijke Groenewoud 1.15,57 (PR)
6. Suzanne Schulting 1.15,76
7. Marrit Fledderus 1.15,99 (PR)
9. Antoinette de Jong 1.16,12
11. Helga Drost 1.16,69
16. Janine Smit 1.18,21

Byrol foar Fryske manlju

Op de 1000 meter hawwe de beide Fryske riders net foar in ferrassing soargje kinnen. Jesper Hospes einige yn 1.10,56 as fjirtjinde en ien plak ûnder him waard Tjerk de Boer yn 1.10,81 fyftjinde. De Nederlânske titel gie nei Thomas Krol, dy't sneon de 1500 meter ek al op syn namme skreaun. Kai Verbij einige as twadde en Kjeld Nuis, better fan in besmetting mei it coronafirus, kompletearre it poadium.

Utslach 1000 meter manlju

1. Thomas Krol 1.08,02
2. Kai Verbij 1.08,17
3. Kjeld Nuis 1.08,27
4. Hein Otterspeer 1.08,41
5. Wesley Dijs 1.08,67
14. Jesper Hospes 1.10,56
15. Tjerk de Boer 1.10,81
(Advertinsje)
(Advertinsje)