SC Hearrenfean hat ienfâldige middei op Rotterdamsk Kasteel

Sportclub Hearrenfean hat sneintemiddei maklik wûn fan Sparta. Yn Rotterdam stie der nei 90 minuten fuotbal 1-4 op it skoareboerd. Grutte man by de Feansters wie Henk Veerman, dy't twa doelpunten makke en in assist joech. Troch de winst hat de ploech fan Johnny Jansen no 16 punten út 7 wedstriden yn de earedifyzje.
© Orange Pictures
De Feansters begûnen agressyf oan it duel. Yn de earste fiif minuten skopte Henk Veerman de bal al tsjin de touwen, mar hy die dat yn bûtenspulposysje. Twa minuten letter kaam Hearrenfean wol op foarsprong, doe't Benjamin Nygren skoarde op oanjaan fan Henk Veerman.
Healwei de earste helte ferdûbele ferdigener Jan Paul van Hecke de foarsprong, doe't hy raak kopte út in hoekskop. De thúsploech koe gjin tsjinstân biede, en Hearrenfean besocht foar it skoft al dien wurk te meitsjen. Der wiene kânsen foar Batista Meier en Henk Veerman, mar de 3-0 liet noch efkes op him wachtsje.

Henk Veerman makket der noch twa

Oan de oare kant fan it fjild besocht de thúsploech it somtiden wol, mar Hearrenfean hie de ferdigening goed stean yn Rotterdam. It duel waard foar rêst al beslikke, doe't Hearrenfean in fout yn de opbou by Sparta ôfstrafte. It wie Henk Veerman dy't der op oanjaan fan Nygren 3-0 fan meitsje koe.
Ek yn de twadde helte kaam Sparta net yn it spul foar. Nei in lyts oere spyljen makke Henk Veerman op knappe wize syn twadde doelpunt, en sa makke hy der 4-0 fan. De Rotterdammers besochten dêrnei noch wol om in doelpunt te meitsjen, en hiene dat eins wol fertsjinne. Yn de lêste minút fan de blessueretiid gie de bal noch op de stip nei in oertrêding fan ynfaller Dresevic. Lennart Thy koe der sa noch 4-1 fan meitsje.
Hearrenfean komt mei de 3 punten yn Rotterdam op 16 punten út 7 wedstriden. Dêrmei stean se twa punten achter op koprinner Ajax.
Sparta - SC Hearrenfean 1-4: 7. Benjamin Nygren 0-1, 25. Jan Paul van Hecke 0-2, 42. H. Veerman 0-3, 57. H. Veerman 0-4, 92. Lennart Thy 1-4.
Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Woudenberg, Van Hecke, Bochniewicz, Floranus; Kongolo, J. Veerman (88/Hajal), Batista Meier (65/Dewaele); Nygren (76/Dresevic), H. Veerman (88/Smit), Van Bergen.