Bergsma oer wiksel: "Ik ha it gefoel dat my hjir de titel ôfpakt wurdt"

01 nov 2020 - 16:21

It wie in bysûndere ûntknoping op Thialf sneintemiddei. Op de 10.000 meter moasten Marwin Talsma fan Grou en Jorrit Bergsma fan Aldeboarn it tsjin inoar opnimme. De Grouster ferlear syn rit fan Jorrit Bergsma, mar dy waard diskwalifisearre fanwegen in flater op de krusing. Dêrtroch is Talsma foar it earst yn syn karriêre Nederlânsk kampioen, mar Bergsma wie it mei dy beslissing fan de sjuery net iens: "Ik ha it gefoel dat my hjir de titel ôfpakt wurdt."

Jorrit Bergsma nei syn diskwalifikaasje op de 10.000 meter

Bergsma snapt der nei ôfrin fan de 10 kilometer noch hieltyd neat fan: "Yn myn beleving ha ik gjin flater makke. Ik bin dejinge mei mear snelheid. Natuerlik hat de bûtenbaan foarrang, mar Marwin beslist om daliks nei binnen te gean. Ja, dat hie yn myn eagen net sa hoegd." Bergsma en Talsma rieden yn de lêste rit tsjin inoar en giene eins hieltyd lykop. Op in krusing, likernôch healweis de rit, gie Bergsma foar Talsma del, dêr't de Boarnster Talsma foarrang jaan moatten hie.

"Ik begryp de sjuery net"

"Achterôf sjoen hie ik it net opsykje moatten, mar it kaam no ien kear sa út. Normaal sprutsen gunne je de oar ek de romte, we hiene noch it hele rjochte stik om it út te finen. Ik hie mear gong, ik hie der noch maklik foar del kind", sa seit in teloarstelde Bergsma. "Mar hy klapt daliks nei binnen, neffens my wie dat ûnnedich. Ik tink net dat hy it bewust docht, mar ik begryp de sjuery ek net. Ik nim se dizze beslissing wol kwea ôf. Ik ha hjoed de fluchste tiid riden, foar myn gefoel bin ik hjoed de winner. Ik fyn it kloaten."

Marwin Talsma oer syn titel op de 10.000 meter

Kampioen Marwin Talsma wie nei ôfrin net bliid mei de bysûndere ûntknoping: "Ik kom út de bûtenbocht, en hy út de binnenbocht. Op it momint dat ik efter him del wol, moast ik krekt even omheech. Dat wie in diskwalifikaasje foar Jorrit. Sjoch, der moast der op de krusing tegearre útkomme, dit wie ek net myn bedoeling. Miskien tocht hy dat hy der wol foar del koe, mar it koe krekt net. Sa win ik op in manier dat ik eins net winne wol."

Dochs kaam dêrnei foar Talsma de grutskens fan syn titel. "In Nederlânske titel is in Nederlânske titel. It besef moat noch even komme, mar dit is geweldich."

(Advertinsje)
(Advertinsje)