Boek mei gevelstiennen De Jouwer presintearre: efter eltse stien in ferhaal

01 nov 2020 - 15:32

Yn Museum Joure hat skriuwer Piet Postma in nij boek presintearre dat wer in stientsje bydraacht oan de skiednis fan De Jouwer: Gevelstenen in de vlecke Joure. It earste eksimplaar is oanbean oan Histoarysk Wurkferbân Skarsterlân, tegearre mei in dit jier ûntdutsen 18e-iuwske gevelstien mei it wapen fan de famylje Vegelin van Claerbergen.

Ben de Jong fan Histoarysk Wurkferbân Skarsterlân en auteur Piet Postma by de boekpresintaasje - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Yn it ferline foarmen de telgen Vegelin van Claerbergen in famylje fan grytmannen en boargemasters mei in soad grûn yn de provinsje. Sy wennen lang op De Jouwer yn Heremastate. "Dêrom tocht ik: eins moat de stien nei De Jouwer," seit Postma. "Hjir hiene sy safolle besit."

Wêr komt de Vegelinstien?

De stien wurdt fan no ôf bewarre troch Histoarysk Wurkferbân Skarsterlân, dat ûnderdiel is fan Museum Joure. Dêr is de stien ek yn lyts fermidden oerdroegen. Wol op betingst dat as gemeente De Fryske Marren it noch werpleatse wol op in iepenbiere lokaasje, de stien dan wer in sichtber plak krije mei. In petear mei de gemeente yn de simmer is lykwols noch op neat útrûn, al wie boargemaster Fred Veenstra yn 't earstoan entûsjast.

Sichtber

Postma hie hope dat de stien in plak krije koe yn soarchsintrum De Flecke, dat fan de 18e iuw ôf ek fan de famylje Vegelin van Claerbergen wie. Mar dat is oant no ta net slagge, al stiet de doar noch op in kier. "Yn in depot wurdt de stien goed bewarre, mar sa sjocht net ien 'm. It moaiste soe wêze dat de stien yn it sicht komt foar de Jouster befolking," jout Postma oan.

Ald-ûnderwizer Postma is net allinne aktyf foar de stichting Archief- en Documentatiecentrum voor r.k. Friesland, mar ek foar it Historisch Centrum Franeker. Dêr brocht arsjitekt Niek Adema begjin dit jier de gevelstien nei ta. De stien stie al goed 20 jier yn syn garaazje en kaam by de Stichting tot Behoud van het Franeker Stadsschoon wei. Der is wol bekend dat der fjouwer soannen fan de famylje Vegelin van Claerbergen west hawwe dy't ea yn Frjentsjer studearren. Mar it bliuwt gissen wêr't de stien no echt wei komt.

De 18e-iuwske stien mei it wapen Vegelin van Claerbergen - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Postma wennet ek yn Frjentsjer, mar hy is op De Jouwer opgroeid. Hy skreau earder ek al in boek oer de gevelstiennen fan Frjentsjer. Dêr binne mear âldere stiennen te finen om't dy stêd ek al in stik âlder is. Mar dochs ferwûndere it Postma hoefolle stiennen hy op De Jouwer noch fûn. Want yn it nije boek oer De Jouwer stiet net allinne it ferhaal fan de Vegelinstien. Der binne sa'n 140 stiennen beskreaun: fan âlde, ferware stiennen oant strakke plaketten op moderne huzen. Efter eltse stien sit in ferhaal fan minsken út it ferline.

Stiennen as trochkyk nei it ferline

Guon stiennen binne goed ferburgen. Sa sit der in gevelstien út 1647 mei in hynder en in roskaam ferstoppe yn in steech efter de Midstrjitte, dêr't ea de Roskamreed en in loazjemint mei hynstestalling wiene. Oare stiennen binne minder ymposant: sa is der yn de Groenendalstrjitte in bakstien te finen út 1871 mei de ynkerfde inisjalen fan in famke dat mar fiif jier âld waard.

Postma: "Ik haw sûnt it boek drukt is al wer in tip krigen oer in stien dy't der noch net yn stiet. Dus der komme grif noch oanfollingen, wa wit kinne dy mei foar in twadde druk."

(Advertinsje)
(Advertinsje)