Súkseswykein Team Frysk kompleet mei sulver Reina Anema op 5.000 meter

01 nov 2020 - 15:09

Reina Anema hat op de 5.000 meter op 'e nij in medalje pakt op it Nederlânsk kampioenskip ôfstannen. De reedrydster fan Team Frysk ried yn 7.01,37 nei it twadde plak. De titel gie nei Irene Schouten en tredde waard Carlijn Achtereekte. Antoinette de Jong einige as sânde.

Foto: Orange Pictures

Sneon helle Anema ek al in sulveren medalje, doe op de 3.000 meter. Snein ried se op de 5.000 meter yn de ien-nei-lêste rit tsjin spesjaliste Esmee Visser, mar dêr koe Anema mei ôfrekkenje. Se wie krekt rapper as Visser en hie doe de rapste tiid op har namme. Yn de lêste rit gie Schouten, dy't rydt ûnder coach Jillert Anema, noch rom ûnder de tiid fan Anema troch. Schouten wie hast seis sekonden rapper as Anema. Achtereekte siet hiel ticht by, mar moast úteinlik 0,25 sekonde op Anema tajaan.

Antoinette de Jong koe har net op it poadium ride. Se einige yn 7.07,22 as sânde. Letter op de snein rydt De Jong ek noch de 1.000 meter.

Utslach 5000 meter froulju

1. Irene Schouten 6.55,94
2. Reina Anema 7.01,37
3. Carlijn Achtereekte 7.01,62
4. Esmee Visser 7.02,06
5. Joy Beune 7.05,23
7. Antoinette de Jong 7.07,22
(Advertinsje)
(Advertinsje)