Cambuur fol fertrouwen nei Jong PSV: "Wy hawwe in brede seleksje"

Sportclub Cambuur spilet moandeitejûn de útwedstriid tsjin Jong PSV. De Ljouwerters hawwe nei de pittige striid om de beker tsjin RKC Waalwijk de nedige blessearre spilers: Erik Schouten, Issa Kallon, Ragnar Oratmangoen, Delano Ladan, Michael Breij en Jarchinio Anthonia kinne allegearre net spylje. Mitchel Paulissen docht ek net mei, want hy is skoarst. Dit betsjut dat trainer Henk de Jong ymprovisearje moat.
Cambuur nei Jong PSV
"Wy nimme wer fjouwer jeugdspilers mei en we dogge gewoan ús eigen ding", sa sei de trainer sneintemoarn nei de training. "We hawwe in brede seleksje, dus ik ha der wol betrouwen yn."
De Cambuur-trainer seach yn de bekerwedstriid tsjin RKC dat syn ploech op basis fan ynset oerein bliuwe kin. "Ja, dat is moai. We moasten dêr knokke, neidat we in 2-0-foarsprong út hannen jûn hiene. It wie moai om te sjen dat dat slagge."

Corona by PSV

De tsjinstanner fan moandeitejûn is dus Jong PSV. Binnen dy klup binne de nedige coronaproblemen en dat betsjut dat Cambuur gjin idee hat mei hokfoar ploech Jong PSV oantrêde sil.
Ek dêroer makket trainer Henk de Jong him net sa drok. "Sy spylje ek noch in apart systeem. Dêr moatte wy goed op lette, mar fierder moatte wy dwaan wêr't we goed yn binne en we hawwe noch bêst in aardich ploechje." Oft der sprake is fan in flow? "Ik tink fan wedstriid oant wedstriid, mar it giet goed de lêste tiid".
Cambuur nei Jong PSV
Ferdigener Joris Kramer wurdt dit jier hierd fan AZ. De sintrale ferdigener stiet moandei wer yn de basis en dêr is hy bliid mei: "Daarvoor ben ik gekomen. Bij AZ heb ik lang genoeg op de bank gezeten. Ik wilde spelen en dat gaat hier al best goed. Cammbuur voelt als een warm bad en we gaan maandag weer voor de drie punten."