Ofrûne etmiel 132 nije coronabesmettings yn Fryslân

01 nov 2020 - 14:39

Der binne it ôfrûne etmiel 132 nije coronabesmettings by kaam yn Fryslân. Dat hat it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu (RIVM) sneintemiddei bekend makke. Dat binne der twa mear as sneon, doe kamen der 130 nije besmettings foar it ljocht.

De measte positive tests waarden ôfnaam yn de gemeenten Súdwest-Fryslân (35), Ljouwert (16) en Hearrenfean (14). Besjoch hjirûnder de folsleine list mei it oantal besmettings de gemeente yn it ôfrûne etmiel.

Yn de gemeente Ljouwert is ien coronapasjint yn it sikehûs opnaam. Yn alle oare gemeenten binne der yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije pasjinten opnaam dy't it firus ûnder de lea hawwe.

Oantal besmettings de gemeente

Gemeente Oantal besmettings
Achtkarspelen 8
Amelân 4
Harns 2
Hearrenfean 14
Ljouwert 16
Eaststellingwerf 4
Opsterlân 2
Skiermûntseach 0
Smellingerlân 13
Skylge 0
Flylân 0
Weststellingwerf 4
Tytsjerksteradiel 5
Dantumadiel 2
Súdwest-Fryslân 35
De Fryske Marren 11
Waadhoeke 6
Noardeast-Fryslân 6
Totaal: 132

Lanlike sifers

It totaal oantal opnommen coronapasjinten is lanlik tanaam mei 45 yn ferliking mei sneon. Yn totaal lizze der no 2.493 coronapasjinten yn de Nederlânske sikehûzen, sa docht bliken út nije sifers fan it Landelijk Coördinatiecentrum Patiëntenspreiding (LCPS).

Foaral op ferpleechôfdielings is it oantal coronapasjinten tanaam, nei 1.910. Op de intensive care lizze op it stuit 583 coronapasjinten, 1 minder as op sneon. Dêrfan lizze twa pasjinten op in ic yn Dútslân.

It oantal nije corona-opnames is 237 yn de klinyk en 58 op de ic. Yn de ôfrûne 24 oeren binne der 38 pasjinten ferpleatst tusken de regio's, ûnder wa trije ic-pasjinten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)