Talsma pakt Nederlânske titel op 10.000 meter nei diskwalifikaasje Bergsma

Marwin Talsma is de ferrassende nije Nederlânsk kampioen op de 10.000 meter. De Grouster ferlear syn rit fan Jorrit Bergsma, mar dy waard diskwalifisearre fanwege in flater op de krusing. Dêrtroch is Talsma foar it earst yn syn karriêre Nederlânsk kampioen. Patrick Roest waard twadde en Marcel Bosker tredde.
Besjoch hjirûnder de reaksjes fan Marwin Talsma en Jorrit Bergsma:
Bergsma en Talsma rieden yn de lêste rit tsjin elkoar en giene eins hieltiid lykop. Op in krusing, likernôch healerweis de rit, gie Bergsma foar Talsma del, dêr't de Boarnster Talsma foarrang jaan moatten hie.
De skiedsrjochters hawwe besletten Bergsma dêrfoar te diskwalifisearjen. Talsma is dêrom de ferrassende Nederlânsk kampioen. Hy ried in knappe rit en helle leafst sân sekonden fan syn persoanlik rekôr ôf: 12.52,09.
Sven Kramer waard sechde yn in tiid fan 13.10,09. Freed sei Kramer al dat hy noch wedstriidritme mist en mei syn materiaal dwaande is. Op de 10.000 meter wûn hy syn rit wol fan Bob de Vries, mei troch in fluch lêste rûntsje fan 29.5 sekonden. In poadiumplak brocht syn 13.09,09 him dus net. De Vries waard achtste.
Bergsma wûn de lêste fjouwer jier de Nederlânske titel op de 10.000 meter, mar is dy dus no kwyt oan Talsma.
Marwin Talsma © OrangePictures

Utslach 10.000 meter manlju

1. Marwin Talsma 12.52,09
2. Patrick Roest 12.57,67
3. Marcel Bosker 12.59,25
4. Erik Jan Kooiman 12.59,70
5. Mats Stoltenborg 13.08,53
6. Sven Kramer 13.10,09
8. Bob de Vries 13.11,15
Jorrit Bergsma Diskwalifisearre