Burgumers wurde wekker yn Garyp; plaknammebuorden feroare

De ynwenners fan Burgum seagen sneintemoarn ferheard op, doe't se wekker waarden yn in oar doarp as dêr't se yn sliep fallen wiene. Op de plaknammebuorden fan Burgum stie nammentlik ynienen Garyp.
Alle plaknammebuorden yn Burgum, mar ek yn omlizzende doarpen, wiene itselde lot beskern. Unbekende persoanen hiene in sticker mei 'Garyp' derop oer de echte namme fan it doarp hinne plakt.
Wa't der achter de stunt sit en wat de oanlieding derfoar is, is net dúdlik. Der is gjin sprake fan skea, om't der stickers brûkt binne dy't der ek wer ôf helle wurde kinne.