Crossende jongerein klapt tsijn beam yn Koarnjum

In oantal crossende jongeren is yn de nacht fan sneon op snein mei harren auto tsjin in beam knald yn Koarnjum. It ûngelok barde krekt foar ienen oan De Wier yn it doarp.
© AS Media
De auto rekke yn 'e slip by it crossen en kaam ta stilstân tsjin in beam.
Der waard in ambulânse oproppen, mar der bliek gjinien ferwûne. De auto waard troch de jonges sels fuortsleept mei in trekker.