Fjouwer minderjierrige jonges klappe op brêge yn Terherne

In auto mei fjouwer minderjierrige jonges is yn de nacht fan sneon op snein om 1.45 oere hinne op de Buorren yn Terherne tsjin in brêge oan riden. Trije fan de fjouwer jonges rekken dêrby ferwûne.
Vier minderjarige jongens klappen op brug in Terherne
De fjouwer jonges, dy't neffens in plysjewurdfierder om de 15 jier âld hinne binne, komme út de gemeenten Hearrenfean, Opsterlân en Steenwijkerland. Se soene yn in crossauto sûnder kenteken riden hawwe. Se kamen dêryn beknypt te sitten, nei't se tsjin de brêge knald wiene.
Neist plysje-ienheden, de brânwacht en trije ambulânses waard in traumahelikopter oproppen. De brânwacht hat it fjouwertal befrije kind. Se waarden op it plak fan it ûngelok ferplege. Trije fan harren binne dêrnei nei it sikehûs oerbrocht. Hoe slim oft sy deroan ta binne, is net bekend. De fjirde jonge hoegde net nei it sikehûs.
De dyk hat in skoft ôfsletten west. "It is ûnbekend hoe't it slimme ûngelok barre kind hat. We dogge dêr ûnderskyk nei", seit in plysjewurdfierster. In berger hat de slim skansearre wein ôffierd.