Tal deade en sike fûgels mei fûgelgryp rint hurd op oan de Fryske kuststreek

It tal deade fûgels dat ferstoarn is oan de fûgelgryp liket hurd op te rinnen oan de Fryske kuststreek. Der komme hieltyd mear meldingen binnen fan deade bisten. Biolooch en ûndersiker Wim van Boekel skreau op sosjale media dat hy op mar twa stikken lân yn bûtendyksk gebiet by Ferwert wol 44 deade en al likefolle sike pauguozzen fûn hat. Ek trof er 25 oare deade fûgels oan, lykas ferskate bûnte grillen en sels in fjildûle.
Fugelgryp Fugelpits FH
Van Boekel hat melding dien fan syn fynsten. Hy hat in seleksje fan deade fûgels makke dy't it Dutch Wildlife Health Centre (DWHC) by him ophelje kin en snein sil er op 'en paad om guozzen byinoar te sammeljen dy't streekrjocht nei de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit geane.

Slachfjild

Distrikshaad Jan Jelle Jongsma fan It Fryske Gea reagearret op syn berjocht: "Wat een triest nieuws uit het buitendijks gebied van Ferwert. Vorige week waren er enkele dode dieren, nu lopen de aantallen hier fors op". Ferskate minsken reagearje skrokken op it berjocht mei 'triest gezicht,' 'wat heftig' en 'sneu wat een slagveld.' De fynsten binne net allinne beheind ta Ferwert, der wurde kadavers en sike fûgels fûn op mear plakken oan de kust.
Freed makke fûgelopfangsintrum De Fûgelpits bekend dat sy in tal fûgels teste litten hat. Dêr kamen positive gefallen út, lyk as gemeente Amelân konstatearre. Organisaasjes dogge de oprop oan minsken om sike fûgels foaral net oan te reitsjen en net mei te nimmen.