"Gemeente Súdwest-Fryslân folle djoerder út mei de nije âldpapierplannen"

Gemeente Súdwest-Fryslân moat it opheljen fan it âld papier gewoan by de ferieningen litte en net ûnderbringe by Omrin. Mei dy oprop komme ûnder oare de ferieningen dy't it âld papier ophelje yn Koudum. Neffens Romke de Jong fan fuotbalklub Oeversweltsjes is de gemeente no folle goedkeaper út as wannear't de plannen fan it kolleezje trochgean. "It skeelt wol in pear tûzen euro op jierbasis allinnich al yn Koudum."
Argewaasje ald papier Súdwest Fryslân
It âld papier yn Koudum wurdt ophelle troch de fuotbalferiening en troch muzykferiening Nij Libben. En dat smyt de ferieningen beide sa'n 15.000 it jier op. In bedrach dat se beide eins net misse wolle. Foar Oeversweltsjes is it sa'n tsien persint fan de ynkomsten. Bij Nij Libben is it sels noch wichtiger om't sy net folle oare sponsoaren hawwe. En wol in soad kosten. "Us ynstruminten kostje gewoan in hiel soad jild. Guon sels mear as 10.000 euro en dat is sûnder de papieropbringsten eins net op te bringen," sa seit Niek Galama fan Nij Libben.

"Djoerder út"

De meidieling fan de gemeente wie foar bestjoerslid Romke de Jong fan Oeversweltsjes oanlieding om ris oan it rekkenjen te gean. "De gemeente is takom jier hoe dan ek djoerder út dan no. As je rekkenje dat alle ynwenners fan Koudum daalks in papierkontener hawwe moatte. Dat binne al aardich hege kosten en dan moatte de minsken dy't dy konteners leegje ek noch betelle wurde. En dan komme je op in bedrach dat heger leit as wat sy no oan ús kwyt binne."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Neist it missen fan it jild binne de ferieningen ek min te sprekken oer de wize wêrop't it beslút troch de gemeente kommunisearre is. "Der hat gewoan gjin oerlis west," seit Galama. "We hiene graach mei de gemeente praten wolle oer mooglike alternativen. Dat is net dien en wy hawwe ek gjin tiid om dêr sels goed oer nei te tinken."
De ferieningen hoopje noch dat de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân de plannen keare kin.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga