Socht: in ponton dat by Lauwerseach as briedeilân fungearje kin

Vogelbescherming Nederland, de Waadferiening en de haven fan Lauwerseach binne op syk nei in ponton. De organisaasjes dogge dêr in oprop foar. Op it ponton moat in briedeilân oanlein wurde foar ûnder oare de Noardske stirns en de wytstirns.
© Shutterstock.com (AndreAnita)
Neffens de natuerorganisaasjes hawwe fûgelsoarten troch de fêstlizzende kuststreek fan hjoed-de-dei net altyd genôch feilige plakken om te brieden. Dêrom is it idee betocht om in 'eilân' te meitsjen fan in ponton. Foar de Noardske stirns en de wytstirns moat sa'n eilân in feilige haven biede tsjin predatoaren en oerstreamingen. Dêrnjonken moat it de haven fan Lauwerseach opfleurje.

Easken

De organisaasjes sykje in ponton fan sa'n 100 kante meter dat op syn minst in meter heech is. It kinne ien of twa pontons fan stiel wêze, mar ek bygelyks in bak fan beton dy't wol foar wenarken brûkt wurde. De gearstalling fan it eilân moat fierder mei safolle mooglik materiaal dien wurde dat op 'e nij brûkt wurdt.