Yn in nije NHL Stenden-kursus krije learkrêften les yn it jaan fan Fryske les

NHL Stenden hat in nije kursus Frysk opset foar learkrêften yn it basis- en fuortset ûnderwiis. Yn oparbeidzjen mei ûnderwiisorganisaasje Cedin is dizze Kursus Klasse Frysk 'WOW Frysk!' ynrjochte. Juffen en masters moatte yn 8 lessen fan 2,5 oere praktyske hânfetten krije om harren eigen Fryske lessen foarm te jaan.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
By de kursus wurdt ek ynspile op tema's as berne- en jongereinliteratuer, Fryske skiednis en taalsosjology. De eigen taalfeardichheid fan de dosinten yn it Frysk moat ferbettere wurde. De acht workshoplessen kinne troch dosinten mei in PABO-foech oanfolle wurde mei fjouwer ekstra lessen by de PABO. Sy helje dan it foech Frysk foar it basisûnderwiis. De kursus rint oer in perioade fan goed seis moannen en set útein yn jannewaris 2021.