Freondinnen Femke Kok en Marrit Fledderus op NK-poadium: "Fielt fertroud"

Femke Kok fan Nij Beets pakte sneontemiddei foar it earst yn har karriêre in Nederlânske titel, mar ek foar Marrit Fledderus fan Sint-Nyk wie it in bysûndere middei. De 19-jierrige reedrydster stie foar it earst op it poadium by in NK foar senioaren. Dat beide froulju tegearre op in poadium steane is lykwols gjin unikum, want dat barde by de junioaren folle faker. "Dat is sa leuk. Ik kin hiel goed mei Femke opsjitte en we binne ek gewoan freondinnen, dus we gunne it inoar", seit Fledderus.
Marrit Fledderus oer har tredde plak en it poadium mei Kok:
Marrit Fledderus over haar derde plek
Beide froulju sieten ferline jier noch yn it team. "Foarich jier hawwe alles tegearre dien. We sieten byinoar yn it team, altyd byinoar op de keamer. Fan 'e moarn wie it foar it earst wer dat we in bytsje tegearre oan it ynriden wiene. Dat fielt dan sa fertroud. As we beide dan sa goed ride, dat is supermoai natuerlik", seit Kok.
Foar Kok is it foar it earst dat se in titel pakt by de senioaren. "Dat is fansels supermoai, myn earste jier by de senioaren en dat it dan direkt de Nederlânske titel is. Dat kin eins net better. Ik bin der echt hiel bliid mei", seit de 20-jierrige reedrydster.

Spanning by Kok

Kok hie yn oanrin nei it toernoai wol te krijen mei in soad spanning. "Best wol. Earst al de hiele wike mei de corona, om't Michelle (De Jong, in teamgenoat, red.) posityf test wie. Dat sit dan dochs wol yn dyn holle, dan fynst it dochs wol wer spannend oft ik sels ek posityf wie. Dat wie gelokkich net sa. En ek omdat in hiel soad minsken dit seizoen wat fan my ferwachtsje om't ik in goede trainingswedstriid riden hie. Mar dat rydst fansels ek net samar. Dus ik hie dêr wol spanning fan, mar it is gelokkich goed kaam."
Femke Kok oer har titel en it poadium mei Fledderus:
Femke Kok over haar 500 meters
Wêr't de druk by Kok lei, wie it poadiumplak fan Fledderus in ferrassing. "Ik bin echt superbliid. Ik hie it echt net ferwachte. Ik wist wol dat it hiel goed gie yn de trainingen. Technysk giet it al folle better. En ik sit no yn in nije ploech en dat giet hiel goed en ik fyn it hiel leuk. Mar ik hie net tocht dat dit der no útkomme soe", seit Fledderus.
De famylje koe der spitigernôch net by wêze, mar dat wol net sizze dat se har prestaasje nei meikrigen hawwe. "By my thús sieten se mei syn allen op de bank. Dat is hiel leuk. In hiel soad minsken sjogge der nei en dy libje mei my mei. As ik aanst thús kom dan wit ik gewoan dat elkenien sa bliid is", sa seit Fledderus.