Reina Anema ferrast mei sulver op 3.000 meter, brûns foar Antoinette de Jong

Reina Anema fan De Gordyk hat sneontemiddei foar it earst yn har karriêre in medalje pakt op it NK Ofstannen. Op de 3.000 meter ried se mei 4.04,28 nei it sulver. De titel gie mei 4.01,93 nei Irene Schouten. Antoinette de Jong fan Rottum waard mei 4.04,53 tredde.
Reina Anema nei de 3000 meter
Anema en De Jong rieden yn de lêste rit tsjin inoar. Beide froulju sieten hieltyd ûnder de tiid fan Schouten, mar twa rondes foar it ein rekken se dy foarsprong kwyt. Yn de slotronde ferlearen se beide noch mear as oardel sekonde.
Antoinette de Jong nei de 3000 meter
Ireen Wüst waard fiifde mei in tiid fan 4.06,82. Sy hie as neidiel dat se al yn de tredde rit starte moast.

Utslach 3.000 meter froulju

1. Irene Schouten 4.01,93
2. Reina Anema 4.04,28
3. Antoinette de Jong 4.04,53
5. Ireen Wüst 4.06,82