Hearrenfean en Stichting TIJD sette it ûnderhâld Le Roy-tún swart-op-wyt

Wethâlder Jaap van Veen en Tineke Hempenius, foarsitter fan Stichting TIJD, hawwe sneon yn de Le Roy-tún harren hantekening set ûnder nije ôfspraken foar de ekokatedraal Le Roy-tún op It Hearrenfean. Yn de maitiid fan 2020 wie der ûnrêst nei't de gemeente grienûnderhâld oan de tún útfierd hie dat net oerienkaam mei de filosofy fan Le Roy. Dêrom wie der ferlet fan fernijde ôfspraken.
Oerienkomst ûnderhâld Le Roy tún
De tún yn it sintrum fan It Hearrenfean is yn 1966 oanlein troch de yn 2012 ferstoarne keunstner Louis Le Roy. It is in organyske tún, dêr't frijwilligers fan Stichting TIJD noch alle dagen mei dwaande binne. De tún is in publykslûker foar It Hearrenfean. Neist de tún op It Hearrenfean is Le Roy ek bekend fan syn Ekokatedraal by Mildaam.
Ek moast de yntinsjeferklearring fan 2005 wizige wurde as gefolch fan it wurk oan de Oranje Nassaulaan.
Wethâlder Jaap van Veen: "Het ecokathedrale proces en de filosofie van Le Roy is voor Heerenveen uniek en willen wij dus ook op deze plaats mogelijk maken. De vernieuwde afspraken dragen bij aan goed onderling contact, zodat het onderhoud en de ontwikkeling van de tuin in goed overleg gaat." De gemeente en de stichting hawwe dêryn elts in eigen ferantwurdlikens.

Ofspraken

De Le Roy-tún is in lange, smelle grienstrook en leit middenyn in wenwyk oan de Europalaan en de Kennedylaan. De gemeente is de eigener fan de grûn en Stichting TIJD de behearder. Yn oerlis tusken de twa wurdt bepraat oft der ûnderhâld mei it each op feiligens nedich is. De fernijde ôfspraken binne fêstlein yn in saneamd addendum, in oanfolling op de eardere yntinsje-oerienkomst dy't yn 2005 al ûndertekene waard.

Wurksumheden

Yn it ramt fan it projekt Heerenveen Beter Bereikbaar sille der wurksumens wêze by de Oranje Nassaulaan, wêrtroch't de ynrjochting fan it gebiet feroaret. Tegearre mei de stichting is oerienkaam dat de rinbrêge, dy't de Le Roy-tún ferbynt mei de wente fan Le Roy yn Oranjewâld, fuorthelle wurdt.
Om dit te kompensearjen, wurdt by de wurksumens mei de stichting besjoen hoe't in part fan de strook lâns de Oranje Nassaulaan neffens de prinsipen fan it ekokatedraal bouwen ynrjochte wurde kin. It is foar Stichting TIJD in prachtkâns om fierder te bouwen en it gebiet sichtber te meitsjen as landmark.

Winsk: nim it mei yn omjouwingsplan

Stichting TIJD hat de winsk útsprutsen om it ekokatedraalproses planologysk fêst te lizzen. De gemeente hat hjiryn har meiwurking tasein. Op termyn wurdt dit ferwurke yn it nije omjouwingsplan.