FIDEO: Boargemaster Buma jout startsein Fryske top 100

31 okt 2020 - 19:18

It is tiid foar fleurichheid en ferbining; en wat soarget no foar mear ferbining as muzyk? Dêrom is de Fryske top 100 dit jier earder fan start gien. Yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân joech boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert it startsein foar de Fryske top 100. Fan no ôf kin elkenien syn of har stim útbringe fia www.frysketop100.nl.

FIDEO: Boargemaster Buma jout startsein Fryske top 100

Elke 50ste stimmer krijt ek dit jier wer in moaie priis: in unike 'Set 'm op' Omrop Fryslân-mûtse. En wolst de iennige, echte Fryske top 100 jukebox winne? Lit dan dyn gegevens efter by it stimmen en harkje op âldjiersdei nei de útstjoering fan de Fryske top 100, want dan makkest kâns.

Stimme op de Fryske top 100 kin oant twadde krystdei fia www.frysketop100.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)