Femke Kok feroveret op 500 meter har earste Nederlânske titel

Reedrydster Femke Kok fan Nij Beets is sneontemiddei foar it earst yn har karriêre Nederlânsk kampioen wurden. Yn Thialf op It Hearrenfean wie de 20-jierrige Kok op de 500 meter twa kear de fluchste. Marrit Fledderus fan Sint-Nyk waard tredde.
Femke Kok oer har 500 meters
Kok gie nei de earste ôfstân al oan de lieding mei in tiid fan 37,88 sekonde. Jutta Leerdam waard mei 38.18 twadde en Fledderus ried mei in persoanlik rekôr fan 38.39 nei it tredde plak.

Twadde 500 meter

Op de twadde 500 meter wie Kok opnij de fluchste, yn deselde tiid as yn har earste rit: 37,88. Fledderus helle yn har twadde rit noch mar ris wat fan har PR ôf: 38,28. Dat wie yn it klassemint úteinlik genôch foar it tredde plak.
Marrit Fledderus oer har tredde plak
Janine Smit fan It Hearrenfean waard mei 39,14 en 38,82 achtste yn it klassemint. Helga Drost fan Akkrum waard tsiende (39,05 en 38,98) en Marijke Groenewoud fan Hallum waard trettjinde (39,08 en 39,23).
It is foar it earst dat der wer twa kear in 500 meter riden wurdt op in Nederlânsk kampioenskip. Dat wie eartiids ek sa, mar dat is op in bepaald momint ôfskaft. Beide 500 meters wurde byinoar opteld en dan krije je in klassemint mei de útslach op de 500 meter.

Utslach 500 meter froulju

1. Femke Kok 37,88 en 37,88
2. Jutta Leerdam 38,18 en 38,01
3. Marrit Fledderus 38,39 en 38,28 (PR)
8. Janine Smit 39,14 en 38,82
10. Helga Drost 39,05 en 38,98
11. Marijke Groenewoud 39,08 (PR) en 39,23
Foarich seizoen wie Femke Kok noch junior, mar se helle by de senioaren al in fjirde plak op de 500 meter op it EK én se waard wrâldkampioen op de teamsprint. Dit is har earste jier as senior.
It reedriden siet der al op hiel jonge leeftiid yn by Kok:
FH REPO Femke Kok