Sven Kramer nei sechde plak op 1.500 meter, Krol prolongearret titel

31 okt 2020 - 14:15

Sven Kramer is sneontemiddei sechde wurden op de 1.500 meter op it NK ôfstannen. Hy kaam yn Thialf op It Hearrenfean ta in tiid fan 1.47,45. De titel gie krekt as ferline jier nei Thomas Krol mei 1.44,30.

Foto: www.orange-pictures.nl

Kramer wie yn de sânde rit wol rapper as syn tsjinstanner Thomas Geerdinck, mar moast doe al wol trije oare riders foar him litte. Hy seach dêrnei dat Krol en Patrick Roest ek flugger wiene.

Marwin Talsma fan Grou ried mei in persoanlik rekôr fan 1.47,90 nei it tsiende plak. Tjerk de Boer fan Weidum kaam net yn de buert fan syn bêste tiid. Hy ried 1.49,74 en waard dêrmei trettjinde.

Marwin Talsma nei 1.500 meter

Utslach 1.500 meter

1. Thomas Krol 1.44,30
2. Patrick Roest 1.45,00
3. Wesley Dijs 1.45,30
6. Sven Kramer 1.47,45
10. Marwin Talsma 1.47,90
13. Tjerk de Boer 1.49,74
(Advertinsje)
(Advertinsje)