Omrop TIP: De Fryslân DOK 'Op transport nei it noarden'

31 okt 2020 - 13:31

Yn de lêste moannen fan de oarloch moast Fryslân ynienen tweintichtûzen Limboarchske flechtlingen herbergje. De Dútsers besetten Roermond en de ynwenners waarden op 'e trein set. Yn de Fryslân DOK 'Op transport nei it Noarden' fertelt dokumintêremakker Gerard van der Veer harren ferhaal.

Twongen op transport

Yn jannewaris 1945 wiene de gefjochten tusken Dútske troepen en de alliearde troepen by de Maas yn Midden-Limboarch sa heftich wurden, dat de besetter besleat om him te ferskânzjen yn Roermond. Der kaam in grutskalige twongen evakuaasje op gong. Mear as tritichtûzen minsken út Roermond en de omlizzende doarpen waarden op transport set nei it noarden fan it lân.

Limboargers op transport yn oarlochstiid - Foto: Omrop Fryslân

In swiere reis

Sechstjin treintransporten yn fjouwer wike tiid, ûnder erbarmlike omstannichheden. De treinen makken lange omwegen troch Dútslân en waarden dan besketten troch alliearde fleantugen. Op 7 febrewaris 1945 kamen 19 ynsitters om it libben en rekken 35 swier ferwûne.

Roermond oan de Maas - Foto: Omrop Fryslân

Ljouwert as trochgongsstêd

Sa'n tweintichtûzen evakuees kamen yn Fryslân telâne, de oaren yn Grinslân en Drinte. It hûsfesten fan sa'n soad flechtlingen die in grut berop op de Fryske befolking. Wa't wegere om de tawiisde evakuees op te nimmen, rûn it risiko út hûs set te wurden. Ljouwert die tsjinst as trochgongsstêd, dêr't de evakuaasjetsjinst soarge foar de earste opfang en ûntsmetting fan de Limboarchske evakuees.

Suster Josefa, yn 'e oarloch evakuee út Limboarch - Foto: Omrop Fryslân

Ienriedigens

It ferskil yn taal, godstsjinst en iten tusken de Friezen en de Limboargers soarge ek foar wriuwing, mar dochs oerhearske in gefoel fan ienriedigens. De evakuees krigen yn in soad doarpen in plak om de mis te hâlden. Nei de befrijing kamen de ferhâldingen mear ûnder druk te stean. De Limboargers woene gau werom nei hûs, mar troch de gaos en in tekoart oan reismooglikheden moasten guon langer bliuwe.

Bern út Limboarch op transport nei it noarden - Foto: Omrop Fryslân

Fryslân DOK: 'Op transport nei it Noarden':
Snein 31 oktober: 15.30 oere, NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 1 novimber 13.10 oere)
Snein 1 novimber: 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

(Advertinsje)
(Advertinsje)