Pleechsoan Amir heart hielendal by de famylje: 'It fielt as is er út my berne'

31 okt 2020 - 13:00

Doe't Amir seis wike âld wie, kaam er yn de húshâlding fan de famylje Van Dam yn Goutum te wenjen. Thúswenjen gie net en de famylje Van Dam naam him leafdefol op. Amir is no trettjin en heart hielendal by de húshâlding. "Hy is gewoon mijn zoon; het voelt alsof hij uit mij geboren is", seit pleechmem Minke van Dam. "Maar het is niet altijd een succesverhaal. Wij doen soms ook aan crisisopvang en dat is ook wel eens niet gelukt."

Amir mei syn pleechmem Minke van Dam - Foto: Omrop Fryslân, Geartsje de Vries

Fan woansdei 28 oktober oant en mei 4 novimber wurdt foar de sechsde kear de Wike fan de Pleechsoarch organisearre. Mei de aksjewike wol Pleegzorg Nederland, ûnderdiel fan Jeugdzorg Nederland, de oandacht fêstigje op pleechsoarch en it tekoart oan pleechâlden.

It ferhaal fan de famylje Van Dam begjint as se al trije eigen bern ha. "Er was in ons gezin plek voor nog een kind, maar dat hoefde niet per se bij ons geboren te worden."

It trajekt fan de pleechsoarch waard ynset en noch foar't de offisjele papieren binnen wiene, waarden se al frege om in lytse poppe op te nimmen yn har húshâlding. "Met Amir was het niet moeilijk. Zo'n baby'tje sluit je meteen in je hart, dat gaat heel natuurlijk. Maar met Amir zijn ouders is het niet altijd gemakkelijk geweest."

Bân mei biologyske âlden

Amir komt regelmjittich by syn biologyske âlden en dan giet Minke mei. Dy bân bliuwt en dat hâldt tagelyk yn dat de pleechâlden ek de biologyske âlden mei leafde ûntfange moat, seit Minke. Dat is net altyd like maklik, want it is fansels net samar dat in bern yn in pleechgesin terjochte komt.

"Je moet niet denken: ik neem een kind in huis en that's it", sa warskôget de pleechmem. "Er komt echt meer bij kijken en dat moet je je goed realiseren. Maar als je liefde voor het kind én de ouders hebt, ben je al een heel eind."

Ek foar Amir sels wie it net altyd like maklik. In oantal jierren ferlyn hat er help hân fan in psycholooch. "Maar dat speelt nu helemaal niet meer. Ik ben gelukkig."

Kristen-moslim

De famylje Van Dam is kristlik wylst de âlden fan Amir moslim binne. Dat hat foar Amir wolris lestich west: "Dan wist ik niet of ik nu wel of niet varkensvlees zou nemen."

Yn it grutbringen hat altyd romte west foar it oare leauwen fan Amir syn biologyske âlders, sa seit Minke. "Ik heb ook tegen zijn ouders gezegd dat als ze Amir mee willen nemen naar de moskee of uit de Koran willen voorlezen, wij daar alle gelegenheid voor willen geven. Het is aan Amir zelf om uiteindelijk een keuze te maken."

Krisisopfang

De famylje Van Dam docht mear om âlden en bern yn in drege situaasje te helpen. Sa no en dan fersoargje se krisisopfang foar in bern foar wa't net in geskikt pleechgesin fûn wurde kin. "Het is wel voorgekomen dat zo'n baby'tje zeven maanden bij ons was voor er een pleeggezin gevonden was. Het afscheid was toen erg zwaar want ze hoorde er al helemaal bij."

Dat Amir in oar 'genepakket' hat, is in ferriking, fynt syn pleechmem. Wylst de famylje Van Dam foaral rjochte is op sport, bringt Amir teäter en muzyk yn. "Zonder Amir zaten wij waarschijnlijk nooit in het theater, nu wel."

Amir sels fynt it foaral maklik dat er folslein net liket op syn blonde âlders en bruorren en sus. "Het is meteen zichtbaar dat ik niet in dit gezin geboren ben."

Yn it radioprogramma "Buro de Vries" fan snein 1 novimber (11:00-12:00 oere) in lange reportaazje mei Minke van Dam en har pleechsoan Amir.

(Advertinsje)
(Advertinsje)