Rens Kroes befallen fan earste berntsje

31 okt 2020 - 12:48

Foodblogger en skriuwster Rens Kroes fan Eastermar is befallen fan har earste berntsje. De poppe, dy't fan Maya Jade hjit, waard op 23 oktober al berne, mar de 33-jierrige Kroes makke it nijs sneon pas wrâldkundich.

Foto: Instagram Rens Kroes

"In de nacht op 23 oktober is ons groot wondertje Maya Jade op Aarde geland. Ze is thuis in een mooie, verwarmde omgeving geboren met de mooiste en de meest liefdevolle vrouwen en natuurlijk papa om haar heen", skriuwt de sus fan Doutzen op har Instagram.

It wie gjin maklike befalling, sa jout de nije mem oan: "Nog nooit heb ik zo hard moeten werken in mijn leven (het was een baring met achterhoofdsligging met verscherpt mechanisme), maar de liefde voor ons kind overstijgt alles."

Kroes makke op 30 april, har jierdei, bekend dat se swier wie fan har partner Sid. Se wisten it geslacht fan it berntsje sels noch net. Kroes wie in jier lyn ek al yn ferwachting, sa dielde se yn de media, mar ferlear de twilling dêr't se swier fan wie nei in miskream.

Sus Doutzen is tige grutsk: "I'm an auntie now! So proud! Welcome Maya Jade", skriuwt it topmodel op Instagram. "Welcome Maya Jade, we are all so blessed to have you in our lives."

Trefwurden: 
poppe befalling Rens Kroes
(Advertinsje)
(Advertinsje)