Wenningbou en Lelyline regionale spearpunten yn ferkiezingsprogramma PvdA

31 okt 2020 - 12:30

Mear wenningen en de oanlis fan de Lelyline. Dat binne regionale spearpunten yn it ferkiezingsprogramma fan de PvdA dat partijlieder Lodewijk Asscher sneon presintearret op It Hearrenfean. PvdA-wethâlder Jelle Zoetendal fan Hearrenfean is entûsjast oer it programma: "Foar eltse regio, ek foar Fryslân, is in haadstik of paragraaf werom te finen."

Foto: Omrop Fryslân

Wichtich ûnderdiel yn it ferkiezingsprogramma is wenningbou: "Foar Fryslân, mar al hielendal foar Hearrenfean, sitte der eleminten fan mear wentebou yn. Yn hiel Nederlân moatte der 100.000 wenningen yn it jier boud wurde", seit Zoetendal. Dat moat finansjeel stimulearre wurde, mar ek de wet- en regeljouwing dêrachter moat ienfâldiger wurde, stiet yn it programma.

"Dat is foar in gemeente as Hearrenfean hiel belangryk, om't we krekt in nije bouwer hawwe", leit de wethâlder út. Boubedriuw Van Wijnen wol nammentlik yn in nij fabryk op It Hearrenfean alle jierren 4.000 prefabrisearre wenningen meitsje mei behelp fan robots. "Dat slút hiel moai op elkoar oan, ek de wurkgelegenheid dy't dêrby heart."

Lelyline

Oar wichtich spearpunt yn it partijprogramma is de Lelyline. Der binne al jierren plannen foar in treinferbining tusken de Rânestêd en Grins, fia It Hearrenfean en Drachten. De Lelyline moat foarkomme dat heech oplate jongerein út it Noarden fuortlûke, de saneamde braindrain. "As der in rappe ferbining is mei de Rânestêd kinne we sokke kennis hjir hâlde, wat foar de bedriuwichheid hiel belangryk is", leit Zoetendal út.

Oarsom sjocht de wethâlder ek foardielen fan dy rappe treinferbining: hieltyd mear minsken sykje yn dizze coronatiid in wenning yn it Noarden, om't hjir relatyf sjoen net in soad besmettings binne. "Je sjogge no ek in beweging de oare kant op. Minsken út de Rânestêd komme nei it Noarden ta foar de romte en frisse loft", seit Zoetendal.

Sosjalisme en solidariteit

Zoetendal tinkt dat Fryslân profitearje sil fan syn partij by de Twadde Keamerferkiezings yn maart takom jier. "Yn coronatiid is it lestich om yn te skatten wat minsken dwaande hâldt, mar we merke no dat wy yn Fryslân yn in tiid libje wêryn't minsken nei elkoar omsjogge. Sosjalisme en solidariteit passe by in partij as de PvdA en ik hoopje dat minsken dat werom lêze yn it ferkiezingsprogramma."

PvdA-wethâlder Jelle Zoetendal fan Hearrenfean

(Advertinsje)
(Advertinsje)