FNP teloarsteld dat Onafhankelijke SenaatsFractie Twadde Keamer net yn wol

De Fryske Nasojnale Partij (FNP) is teloarsteld dat de Onafhankelijke SenaatsFractie (OSF), in gearwurkingsferbân fan provinsjale partijen dêr't ek de FNP by oansletten is, net meidwaan wol oan de Twadde Keamerferkiezings fan 2021. Dat seit Sijbe Knol, fraksjefoarsitter fan de FNP yn de Provinsjale Steaten.
It Binnenhof yn Den Haach © Shutterstock.com
De OSF hat ien sit yn de Earste Keamer, dy't op dit stuit ynnaam wurdt troch de Fryske âld-boargemaster Gerben Gerbrandy. Mar it bestjoer sjocht it net sitten om mei te dwaan oan de Twadde Keamerferkiezings. Knol: "Se sizze dat se der net klear foar binne omdat se net in dúdlik boadskip ha dêr't se foar steane. Dat is wol opmerklik, want wêr hawwe we dan sûnt 1996 mei dwaande west?"

Op ien line

De foarsitter fan de OSF, Durk Stoker, begrypt de ambysje fan Sijbe Knol en de FNP. "Mar dat is net sa maklik. As je in lanlik ferhaal bringe wolle, moatte je it wol mei elkoar iens wêze. Dat is net it gefal."
De partijen binnen de OSF binne neffens Stoker lokaal hiel goed dwaande en op provinsjaal nivo ek wol ridlik, al kin dat better. "Mar lanlik is der in grut ferskil en giet it alle kanten op. Der is tiid nedich om dat allegearre by-elkoar te bringen yn in dúdlik boadskip. It moat wol goed, oars hat it gjin sin", leit Stoker út.
"Wy binne mei in ûndersyk dwaande om dat goed yn byld te bringen. En ik slút net út dat we yn 2025 wol meidogge oan de lanlike ferkiezings. Mar no is dat te betiid."

Op eigen krêft

De FNP hat al jierren de ambysje om ek in sit yn de Twadde Keamer te feroverjen. Mar oant no ta is dêr neat fan telâne kaam. "Miskien moatte we it dochs op eigen krêft besykje", seit Knol. Dat soe neffens him bygelyks kinne troch in gearwurking oan te gean mei oare partijen yn Drinte en Grinslân.
Opmerklik is dat sawol Gerbrandy as Stoker lid binne fan de FNP.