Doeksen skrast tal sneltsjinsten yn ferbân mei min waar

01 nov 2020 - 09:00

Rederij Doeksen skrast kommende snein 1 novimber in trijetal ôffearten yn ferbân mei de minne waarsferwachting.

Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

It giet om de sneltsjinsten fan 13.00 oere fan en nei Flylân, dy fan 13.45 oere fan Flylân nei Harns en de sneltsjinst fan 14.55 oere fan Harns nei Flylân.

Alle oare ôffearten binne konform tsjinstregeling, meldt Doeksen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)